Jan Schokker: Einjiersflechtfûgel

jannewaris 4, 2020 20:00

Kollum

Ik soe neat sizze. Fansels soe ik neat sizze, se soe my omprate wolle, se soe lilk wurde, my útlaitsje. Of my fuortsjen. Dat soe noch it slimste wêze.

Ik ha de pest oan dizze ‘plestikdagen’. It iennige geunstige is dat de bern mei harren lytse doerakken delkomme. Dat past aardich by it ôfsluten fan it jier. Krektlyk dy pear dagen frij, dêr mei ik ek wol oer. Wat útrêste fan it deistich krewearjen om ris in pear minuten te meditearjen. Soks soe alle moannen eins wol in goed ding wêze. Wêrom inkeld ûnder sa’n pronkjend plestiken glinsterjende beam? En dan âldjiersjûn, as de measte minsken idioat de frustraasjes de wrâld ynknalle. En dan dat buorkundich de Jan úthingjen mei dy ferrekte goede foarnimmens. Net mear smoke, net mear drinke, mar wol witte dat it salang net duorje sil. Ik ha dêr ôfgryslik it liif fol fan, mar neffens my stean ik dêr poer allinne yn.

Dat ik hie tocht om fuort te gean. Gewoanwei fier fuort, de hiele boel benefterlitte. Neat sizze, of tusken de jirpels en de brij efkes meidiele dat ik om sigaren nei de Coöp sil, mar dan moai trochride, by Aldskoat de A32 op, fierderop rjochting De Jouwer en fierder en fierder ride, wêrom net alhiel nei Skiphol ta? Mar dan. Kin men dêr samar in flecht boeke? En wêrhinne dan? En hoe moat ik soks oanpakke? Dan mar earst in kofje by de Starbucks, om kjel te wurden fan de priis. In djoere grap, dat útnaaien. Op myn mobyl seach ik dat se besocht hie om kontakt mei my op te nimmen. Se woe witte wêrom’t ik yn ’e goedichheid myn sigaren hielendal fan Skiphol helle, de Coöp wie dochs flink wat tichter by? Fansels, sa wie it, se koe my opspoare mei dat blinders Sineeske telefoantsje fan har. Ik soe dy fan my útsette moatte, mar hoe koe ik dan te witten komme hoe’t en wêrhinne oft ik fierder fleane moast? Hoe koe ik bygelyks in lân fine dêr’t se dat kribbich krystfeest net of minder fiere? Mar Google joech my nuvere ynformaasje. As ik relaasjeproblemen hie, moast ik der mei immen oer prate. As ekstra service krige ik it telefoannûmer fan de Stichting Korrelaasje. Okee Google, dan mar net en ik drukte it bemuoisuchtige bakje út.

Wat wie it drok op Skiphol, allegear frjemde fûgels fol ferlechjes om út te fleanen. Mei de kofje yn de hân en myn gemoed yn steat fan opstannigens rûn ik nei de yncheckbalys. Ik woe fuort en ik soe fuort. Wêrom dan net nei Skotlân? Ik hie dêr ommers ien kear earder west, in lân mei it rûge waar en glûpende kjeld dat merakels paste by hoe’t ik my hjoed fielde.

By de KLM-baly stie in frou dy’t opsternaat tekeargie. “Ik wol nó, subyt en stante pede fuort! It makket my gjin moer út wêrhinne of wat it kostet, mar-ik-sil-fuort!” By elk wurd sloech se de planke mis op de plestik baalje. It blauwe KLM-famke bleau net oars as oars: ”It spyt my, mar der is op dit stuit net in stoel frij, yn gjin inkelde fleanmasine. It is echt de drokste tiid fan it jier. Moarn miskien.”

De frou swaaide teatraal mei har earms: “Sokssawat sil dochs net. Ha ik wer!”
De grûnstewardess besocht it noch ien kear: “Kin ik in taksy foar jo regelje?”
“Wat moat ik dêr no mei?” frege de frou ferwûndere.
“Dan kinne jo mei dy taksy nei bygelyks België?”
“Wat moat ik dêr no wer?”
“Jo woene fuort, dan binne jo fuort.”

“Och, flean op,’ rôp se tsjin de KLM yn it bysûnder en tsjin alle reizgers yn it algemien. Sy draaide har om en seach my flechtich oan. Doe brûsde se fuort, lilk as in hûn, mei de kop yn de nekke en de noas yn de loft.

De KLM-meiwurkster fage harsels oer de foarholle. Se hie yn ’e rekken dat ik it hiele petear meikrige. Se lake my leaflik ta. “Kin ik jo wol helpe?”
“Nee, lit mar,” sei ik. “Of ja, dochs wol. Wêr kin ik hjir myn sigaarkes keapje?”

jannewaris 4, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.