Iran en Irak wolle wraak op FS

jannewaris 4, 2020 20:23

Presidint Trump (foto: Wikipedia/Shealah Craighead)

De buorlannen Iran en Irak binne fanâlds net sokke goede freonen, mar op it stuit lykje hja feriene te wêzen tsjin de Feriene Steaten. De oanlieding is it Amerikaanske bombardemint op ‘e Iraakse haadstêd Bagdad, dêr’t de Iraanske generaal Kassem Soleimany by dearekke is.

Neffens de Amerikaanske presidint Donald Trump wie de oanslach op Soleimany nedich, om’t dy Amerikaanske doelen oanfalle woe. De relaasje tusken Iran en de FS wie al net sa goed en dy is der no noch minder troch wurden.

Yn Iran en Irak wiene sneon grutte anty-Amerikaanske demonstraasjes. Geastliken en politisy diene te witten dat hja wraak woene. Irak beskôget de oanfal op Bagdad as in oarlochshanneling. In lid fan it Libaneeske parlemint foar de militante partij Hesbolla hat sein dat de FS de kommende dagen harren trekken thús krije sille. Der is wilens al in raket delkommen yn de wyk fan Bagdad dêr’t de Amerikaanske ambassade sit.

De Amerikaanske oerheid hat syn boargers oproppen om Irak sa fluch mooglik te ferlitten. Fierders binne der trijetûzen Amerikaanske militêren ekstra nei Koeweit ta stjoerd.

jannewaris 4, 2020 20:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.