Inisjatyfrike Friezen mei goede projektideeën socht

jannewaris 19, 2020 12:19

Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 13 jannewaris oant en mei 6 febrewaris 2020 wer subsydzje oanfreegje út it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Mei dy subsydzjeregeling, dy’t koartlyn útwreide is mei moetingsplakken, helpt de Provinsje om inisjativen út de mienskip út te fieren. Yn de nije subsydzje-omgong is € 1.450.000 beskikber foar hiel Fryslân.

In wichtich útgongspunt is dat ynwenners sels útmeitsje wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet en de projekten ek opsette. Doel is om by te dragen oan lokale ynnovaasje, de leefberens te befoarderjen en de wurkgelegenheid en oanlûkingskrêft te stimulearjen.

Inisjatyfnimmers kinne foar it opstellen fan in projektplan en help by de subsydzje-oanfraach terjochte by Streekwurk en Doarpswurk. Sjoch foar mear ynformaasje op www.streekwurk.frl/imf of www.doarpswurk.frl.

jannewaris 19, 2020 12:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.