In oare wei – mei oare eagen

jannewaris 9, 2020 19:25
In earlik en inspirearjend ferhaal fan in sterke frou dy’t de moed hat, har eigen wei te gean

Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa’t se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan.

De húsdokter stjoert har troch nei it sikehûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa jier kriget se in oare diagnoaze: MS.
Willemien fertelt hoe’t har libben dêr folslein troch feroare is. Doe pas is se begûn om har ûnderfiningen fan eartiids te ferwurkjen. Se nimt de lêzer mei troch har libben en fertelt û.o. oer har skieding en de swierrichheden by it grutbringen fan har bern. Mar ek oer har syktocht om sa sûn mooglik te bliuwen en oer de tiid dat se folle bewuster begûn te libjen. It wie in drege wei, mar se hat der in hiel protte fan leard.

Troch har ferhaal te fertellen yn dit boek, hopet se oaren te stypjen dy’t ek mei soksoarte swierrichheden te krijen hawwe.

 

Oer de skriuwer
Wilma Miedema (1969, Drachten) folge in ferpleechkundige oplieding, mar koe dy fanwege sykte net ôfmeitsje. Se hat in eigen praktyk om minsken te begelieden by bewustwurding. Dêrneist docht se in protte frijwiligerswurk lykas yn in hospys yn Drachten, by De Zonnebloem en op oare plakken dêr’t se foar frege wurdt. Se is posityf en spiritueel ynsteld en hâldt in protte fan bisten en de natuer. Se is mem fan twa jongens en wennet sûnt 2016 mei har partner yn Rie.
Yn In oare wei – mei oare eagen, har debút, fertelt se oer har libben mei MS en de wize wêrop’t se dêrmei omgiet.

Wilma Miedema, In oare weimei oare eagen is útjûn by Elikser, Ljouwert
ISBN 978-94-6365-190-5
173 siden, € 17,50

Hjir is it boek yn te sjen: In oare wei

jannewaris 9, 2020 19:25
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sietske de Vries jannewaris 12, 20:54

    is dit boek ook uitgebracht als luisterboek?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.