In nije Fryske Bibeloersetting

jannewaris 23, 2020 12:22

Nei fjirtich jier komt der in nije Fryske Bibeloersetting. Freedtemiddei 17 jannewaris waard it projekt yn Frjentsjer presintearre.

It wie in nijgjirrige gearkomste mei bygelyks fragen oer it oersetten. Hoe modern meie jo wêze? Kin it wurd “lytsbern”, of moat it “bernsbern” bliuwe. Dat lêste grif, mar it bliuwt skipperjen tusken fan de iene kant geef Frysk en fan de oare kant wat minsken sizze en begripe. De Statenvertaling fan 1637 hat fan grutte ynfloed west op de ienheid yn it Nederlânske taalgebrûk. Sa’n ynfloed sil in Fryske bibel fan no net mear hawwe op it Frysk.

It leit yn de bedoeling om op ’e nij de grûnteksten as útgongspunt foar de oersetting te brûken. Dat ropt de fraach op oft der genôch minsken binne dy’t én de talen fan dy âlde teksten lêze, én dan ek noch oersette kinne yn geef en begryplik Frysk. Hawar, der is in projektgroep mei in grut tal betûfte oersetters. Dat sil wol goed komme.

De Bibel kin net sûnder útlis. Dat hiene de oersetters fan de Nederlânske Statenvertaling goed begrepen. De Fryske bibel fan 1978 begjint ek mei útlis: “As wy it wurd Bibel brûke, tinke wy alderearst oan ien boek. En sa kin men it ek sjen, want it giet om it iene boadskip fan God oan minsken. It is it ferhaal fan wat Hy dien hat, docht en dwaan sil.” Fierderop wurde der bibelboeken foarsjoen fan in ynlieding.

De relaasje tusken dy teksten en de bûtentalige werklikheid komt yn de ynliedingen en útlis net oan de oarder, mar wy sjogge der yn 2020 oars nei as hûndert jier lyn. Yn 1926 en lang dêrnei koe men noch diskusjes hâlde oer de slang yn it boek Genesis: hie dy no wol of net echt praat? Sa’n diskusje wurdt, útsein troch wat apartelingen, net mear fierd.

Ik bin sels grut wurden mei de Bibel, mar lykas in soad minsken fan myn generaasje sjoch ik der no oars tsjinoan as eartiids. Yn it ferline tocht ik dat Hannelingen 5 fers 29: “Men moat mear nei God as nei minsken harkje” in aardige tekst is. Dat is it net, want wy witte net wat goaden sizze. It binne minsken dy’t  sizze wat goaden sizze. Mei oare wurden: dy saneamde hillige boeken as de Bibel, de Koran en de Thora binne fan alfa oant omega literatuer, troch minsken skreaun foar oare minsken.

It soe goed wêze om soks by de ynlieding fan in nije Fryske bibeloersetting út te lizzen. Predikant Wim Beekman, ien fan de sprekkers, fûn dat oerstallich: “Jo hingje by in skilderij ek net in buordsje ‘dit is in skilderij'”. Dat mei wier wêze, mar meitsje dúdlik dat “Bijbelse geschiedenis” sa’t dat fak eartiids neamd waard, gjin feitlike skiednis is. It is keunst, dy’t om útlis freget, mear as in skilderij. De teksten binne der wichtich genôch foar.

Pier Bergsma

 

jannewaris 23, 2020 12:22
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric jannewaris 29, 12:10

    De essinsje fan it leauwen is dat men leaut dat de Bibel troch God ynspirearre is. It soe nuver wêze as leauwigen meigiene yn it discours fan net-leauwigen en sizze soene “It binne minsken dy’t sizze wat goaden sizze”. Dus it is ek nuver om soks fan leauwigen te easkjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.