In miljoen stimmen en dochs gjin sit yn it Europeesk Parlemint

jannewaris 13, 2020 20:31

Oriol Junqueras (lofts) praat mei de Fryske politikus Sybren Posthumus

It wie in abbekaatsjen fan komsa, mar Carles Puigdemont is lang om let lid fan it Europeesk Parlemint. De Katalaanske presidint yn ballingskip hat him moandei yn syn sit yn Brussel deljûn. Dat syn bûnsmaat Oriol Junqueras der net by wie, mei’t er yn Spanje yn it grut pakhûs sit, spuide er fuort raar guod fan. “Spanje is langer gjin rjochtssteat mear”, ornearre er.

Puigdemont sei: “Mocht de Europeeske Uny wier in bûn wêze dêr’t frijheden en rjochten dield wurde, sa ja, dan hie Oriol Junqueras hjoed yn ús fermidden west. Hy hat deselde rjochten as ús. Hy hat in miljoen stimmen krige. Syn frijheid wurdt oer hinne wâde.”

Junqueras waard yn oktober ferline jier ta in finzenisstraf fan trettjin jier feroardiele foar syn betrutsenens by de organisaasje fan in referindum oer Katalaanske ûnôfhinklikens yn 2017. De Spaanske oerheid hat Junqueras begjin jannewaris it rjocht ôfnommen en fertsjintwurdigje Spanje yn it Europeesk Parlemint.

Njonken Puigdemont en Junqueras is ek Toni Comin troch de Katalanen as folksfertsjintwurdiger yn it Europeesk Parlemint keazen. Lykas Puigdemont wie er fan ruten spile. Moandei joech er him mei Puigdemont yn it Europeesk Parlemint del. De Spaanske oerheid woe harren dat ek ferbiede, mar dêr hat it Europeesk Hof fan justysje in skoattelsje foar strutsen mei it oardiel dat de twa politisy polityk ûnskeinber binne. De Spaanske oerheid hat frege om it opheffen fan dy ûnskeinberens, mar ynearsten jildt er noch.

De Katalanen sitte yn it Europeesk Parlemint yn de fraksje Grienen / Europeeske Frije Alliânsje. Dêr sitte de measte griene en regionale partijen yn Europa by. De Nederlânske Europarlemintariërs fan GrienLinks hearre der by. Fierders hat de FNP der nauwe bannen mei.

jannewaris 13, 2020 20:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap Slager jannewaris 15, 17:02

    As Juncker der mei in miljoen (euros) út kin, dan moat Junqueras der mei in miljoen (stimmen) yn kinne. Sa bin ik dermei. Ik bedoel yn it gefal fan Junqueras YN it Jeropeesk parlemint (en UT ‘e finzenis). Yn it gefal fan Juncker mei it om my wol krektoarsom 😉

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.