Iepen brief oer Frysk op de universiteiten

jannewaris 29, 2020 12:22

De fjouwer heechleararen Frysk yn Nederlân* hawwe har yn in iepen brief rjochte ta de minister fan Underwiis. Nei oanlieding fan it resinte KNAW-rapport oer de tastân fan de neerlandistyk op en de konklúzjes dêryn, bringe se nei foaren dat de akademyske stúdzje fan en nei it Frysk as twadde Rykstaal in selde oandacht takomt fan de minister fan OCW as it Nederlânsk. 

KNAW yn Amsterdam (foto: Wikipedia/bMA)

Nederlân hat ommers in spesjale ferantwurdlikheid foar it Frysk, lykas erkend troch it Ryk mei it ynfieren fan ‘e Fryske Taalwet en it ûndertekenjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen (en de útwurking dêrfan yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023) en fan it Ramtferdrach Nasjonale Minderheden. Yn dat ljocht freegje de heechleararen de minister om de maatregels dy’t foar de earste offisjele taal fan Nederlân opsteld wurde sille, ek fan tapassing te meitsjen op it Frysk, de twadde rykstaal.

Mei de Frysktalige brief is tagelyk in oersetting dêrfan yn it Nederlânsk ferstjoerd.

* De heechleararen binne:
prof.dr. Goffe Jensma, Ryksuniversiteit Grins
prof.dr. Arjen Versloot, Universiteit fan Amsterdam
prof.dr. Hans Van de Velde, Universiteit Utert/Fryske Akademy
prof.dr. R.H. Bremmer (em.), Universiteit Leien.

jannewaris 29, 2020 12:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.