Ien winsk – ferhaal fan Sjoerd F. Talsma

jannewaris 18, 2020 07:48

Resint ferskynd

Dit ferhaal publisearje wy as earbetoan oan Sjoerd Talsma, dy 10 jannewaris stoar* (redaksje).

Foto: NASA

De ierde wie sûn, de ierde wie moai, skjin en fitaal, der mankearre hielendal neat oan. WIE, kin ik better sizze, want no is de ierde wolris yn disoarder, hjir en dêr, en fertoant er útputtingsferskynsels. “Mar ik fiel my noch sa jong”, sei de ierde tsjin it wetter.
“It is al lang net mear sa’t it wie”, sei de snie der fuort efteroan.
“De minsken hakje, kappe, stekke, boarje en fersmoargje”, sei de bosk.
“Wy ha altyd freonen west, helpe inoar wêr’t it mar kin en hâlde rekken mei-inoar, sadat wy it goed ha en jo gelokkich binne”, sei it wetter tsjin de ierde.
“Ja”, sei de ierde, “jim ha gelyk, mar ik kin der neat oan dwaan.”

De ierde wie der suver in bytsje mismoedich fan.
“Kin it no wier net oars”, sei de drûge woestyn tsjin de wyn, “hoe kinne wy de ierde helpe, sadat dy wer fleurich wurdt en goed yn it fel sit?”
“Ik wit it net”, sei de wyn en soe fierder waaie.
“Ho, ho, jo moatte ús helpe”, sei it iis, “oars binne wy der aanst net mear.” De wyn kaam werom en seach nei it iis, it wetter, de bosk, de berch en de snie, en hy wist wol wêrom’t hja sa yn ’e put sieten.

“Jimme wolle graach dat ik jimme help, hin?”, sei de wyn suver út meilijen. “No, miskien kin ik jim wol helpe”, sei er tsjin it iis, it wetter, de bosk, de berch en de snie, “mar dan moat de ierde my wol helpe, want dy hat in geheim, en as er my dat geheim jout, dan wol ik jim wol helpe.” De wyn wist fan it geheim fan de ierde, want hy is oeral.
“O, dat sil de ierde grif dwaan”, seine it iis, it wetter, de bosk, de berch en de snie yn koar.
“No ik wit it sa krekt noch net, mar as dat sa is, dan sil ik myn bêst foar jim dwaan”, sei de wyn en waaide fierder.

It iis, it wetter, de bosk, de berch en de snie seine tsjin de ierde:
“Wat kinne wy dwaan, ierde, om jo te helpen, en wolle jo de wyn helpe mei jo geheim?”
“Tsja,” sei de ierde, “ik ha wol in geheim, mar dat kin ik mar ien kear weijaan en ik wit net wa’t dat it bêste tabetroud is.”

“De wyn, de wyn, jou it de wyn”, rôpen it iis, it wetter, de bosk, de berch en de snie tagelyk, net wittende wat dat geheim ynhâldt, “de wyn is oeral en sil ús helpe.”
“Goed, goed”, sei de ierde, “as ik ús dêrmei helpe kin, dan jou ik de wyn myn geheim.” It iis, it wetter, de bosk, de berch en de snie wiene tige optein mei dat moaie berjocht en rôpen de wyn om te kommen. De wyn hie alles al lang heard fansels en kaam rêstich oanwaaien.
“De ierde wol jo it geheim wol jaan”, seine hja.
“Is dat wier?”, sei de wyn tsjin de ierde.
“Ja”, sei de ierde, “ik ha besletten om jo myn geheim te jaan.”

“Kom mar op mei it geheim”, sei de wyn laitsjend.
“It geheim dat ik ha, is dat ik ienris in winsk weijaan mei, ien winsk en ien kear, mar ik mei sels de winsk net dwaan spitich genôch. Ik moat der allinne foar soargje dat de winsk yn wize hannen terjochte komt en wy ha mei-inoar besletten dat jo de winsk krije moatte.”
“Tige tank”, sei de wyn, “it is ien winsk en ik mei winskje wat ik wol?”
“Ja”, sei de ierde, “jo meie winskje wat jo wolle en jo winsk komt dan út.”
“As dat wier is”, sei de wyn, “dan wol ik der earst fûleindich oer neitinke oer wat ik winskje sil.”
“Dat is goed”, sei de ierde, “mar jo moatte dy winsk yn in wike oan my fertelle en net letter.”
“Dat komt klear”, sei de wyn en hy waaide nei de alderfierste úthoeke fan ’e wrâld om nei te tinken.

“Ik bin tige benijd wat de wyn winskje sil”, sei de bosk, “ik tink fan suvere lucht, want dêr is wol ferlet fan by ús, tinke jim ek net?”
“Ast it my fregest”, sei it iis, “dan krije wy froast en net te min hoopje ik, dan kinne wy de skea wat ynhelje.”
“Sa tink ik der ek oer”, sei de snie, “dy waarmte en drûchte kinne wy misse as pinemûle.”

De drûge woestyn hie noch net sa folle sein. Dy hie him wat ôfsidich holden oant no ta, mar woe wol wat wetter ha en seach nei it wetter.
“It soe moai wêze as ik in ferbûn slute koe mei it wetter”, sei de woestyn drûchjes. Se kamen der net út. De iene woe dit en de oare woe dat de wyn harren kant helpe soe. It wie in swiere opjefte foar de wyn, mar elkenien wie der fan oertsjûge dat de wyn harren winsk útkomme litte soe.
“As jimme jim sin krije, wurdt it oarloch”, sei de snie.
“Wetter is tige wichtich en hat in heech oansjen, want sûnder wetter is der neat”, sei de woestyn en dêr hie er gelyk oan fansels.
“Ja”, sei it wetter, “ik ha de soarch foar fisken en blommen en alles wat waakst en bloeit.”
“Mar ik hâld it wetter fêst”, sei it iis en wylst dy dat sei kaam de wyn deroan.

De wyn hie swier neitocht oer wat er winskje soe, mar wie der net útkommen. It spande derom, want wat soe de wyn winskje? Soe er kieze foar de snie of de bosk, of dochs mar… De wyn spruts de ierde oan en sei “Kin ik noch in wike krije om nei te tinken? Want wa moat ik no helpe as ik mar ien winsk dwaan mei? As ik de iene help, is de oare lilk en as ik de oare help, dan is de iene lilk op my.”
“Nee”, sei de ierde strang, “ôfspraak is ôfspraak en ien wike bliuwt ien wike, dat witte jo ek wol en dy wike is no om.” It waard ynienen stil, sels wynstil. De wyn tocht wer nei, noch hurder as ea tefoaren en wie der ynienen út, hoe wie it mooglik. “No dan wit ik it wol”, sei de wyn no op gemak, “dan winskje ik…”
It iis, it wetter, de bosk, de berch de snie en de drûge woestyn wiene yn grutte spanning. “Toe no wyn, sis it no”, rôpen hja yn koar.
“Dan winskje ik… eh, myn winsk is dat ik tenei winskje kin wat ik wol, wol tûzen winsken en noch folle mear”, sei de wyn tsjin de ierde. “Dat is myn winsk en lit dy no mar útkomme.”
“Dat is goed”, sei de ierde, “jo winsk sil útkomme.”

Hja fûnen it allegearre in hiele wize winsk fan de wyn. Hoe hie er it sa betocht. “Sa, no kin ik jim allegearre helpe en om te begjinnen meie jim allegearre ien winsk dwaan”, sei de wyn. Hy wie sichtber tige optein mei de winsk dy’t er dien hie.
De wyn fielde him no tige wichtich fansels. “Wêr sil ik ris mei begjinne om te winskjen”, sei er.

“Mei my”, sei it iis, “lit it mar tige frieze, sadat ik wat oansterkje kin, want der is noch mar sa’n bytsje iis.”
“Ja, dat is wol goed foar de ierde”, sei de wyn. “Komt goed.” En it iis sterke oan en woeks en woeks.

“No bin ik oan bar”, sei de berch, “ik bin fan boppen sa keal, it is gjin gesicht, dus lit der mar beammen op waakse.”
“Dat is ek wol goed foar de ierde tink ik”, sei de wyn.“Sa sil it komme”, sei er en de bergen hiene gjin keale plasse mear.
“Ik wol mear snie”, sei de snie, “foaral op de Noardpool, mar ek wat op de Súdpoal fansels, want wat is de Súdpoal no sûnder in protte snie.”
“Ja, dat is grif goed foar de ierde”, sei de wyn. “It komt allegearre klear”, sei dy en sûnt dy tiid snijde it omraak op beide poalen.
“Jou my mar in hiel protte wetter”, sei de drûge woestyn, “sadat ik grien wurd fan blommen en beammen.”
“Dat is tige goed foar de ierde”, sei de wyn en fan dy tiid of reinde it pypstâlen yn ’e woestyn en waard alles grien.

“It giet mar goed”, sei de wyn, “dit is moai om te dwaan, om it elkenien nei ’t sin te meitsjen, boppedat haw ik no winsken genôch.”
“Help my dan mar om skjin te wurden”, sei it wetter hiel sêft, want ik fiel my sa smoarch as it mar kin.”
“Ja, dat is wol goed foar de ierde”, sei de wyn en hy winske dat it wetter yn seeën, marren en rivieren skjin wêze soe.
“Mar der is noch mar sa’n bytsje wetter”, sei de bosk tsjin de wyn.
“Ja, dat sjoch ik no ek”, sei de wyn, “it wetter is no snie en iis en it reint noch hieltyd yn ’e woestyn.”
“As it sa trochgiet, dan kinne de fisken net mear swimme, de bisten net mear drinke en hâldt it op mei reinen”, sei de bosk, “en dat is net goed foar my en de hiele ierde, of wol soms?”
“Jo ha gelyk, bosk, mar ik kin der neat mear oan dwaan”, sei de wyn.
“Ik wurd hjir ek net blier fan en krij in kâlde holle en kâlde fuotten”, sei de ierde, dy’t ek yn noed begûn te sitten. It iis, de snie, de berch en de woestyn hiene it tige nei ’t sin en woene net wer oars. “Aanst is der gjin wetter mear om de bosk waakse te litten”, sei de ierde, “en bliuwt der neat mear oer om te winskjen.”

“Dat kin ús neat skele”, seine it iis, de snie, de berch en de woestyn, “wy ha it goed en dat moat sa bliuwe.”
“Mar de bosk soarget foar soerstof foar alles wat sykhellet”, sei de ierde lilk, mar hja krige gjin gehoar. “Wat sille jo winskje?”, frege de bosk oan de wyn, “want jo meie om my no jo winsk wol dwaan”.
“Myn winsk is al útkommen”, sei de wyn, “it geheim fan de ierde haw ik krige en no haw ik fan allegearre de measte macht. Wat kin ik no noch mear winskje.”

“Jou my dan al dy winsken mar”, sei de bosk tsjin de wyn.
“Gjin sprake fan”, sei de wyn, “ik ha de winsken en dy hâld ik, punt-út.”
“Hâlde jo jo altyd oan jo wurd?”, frege de bosk oan ’e wyn.
“Altyd”, sei de wyn, “der stean ik bekend om, hoesa?”
“No”, sei de bosk, “ik haw ek noch in winsk en ik wol der wis fan wêze dat myn winsk útkomt.”
“Sis it mar”, sei de wyn, “en jo winsk sil útkomme.”
“Goed”, sei de bosk “as ik no ris winskje dat it nea wer waait en dat der gjin wyn mear wêze sil dy’t ús beammen omwaait, dan binne dy winsken dy’t de wyn no hat, foar my fansels en dan kin ik winskje wat ik wol.”
“Sa is it mar krekt”, sei de ierde.
“Ja doch dat mar”, sei it fertutearze wetter.
“Mar ik kin net sûnder wyn om my hinne”, sei de ierde.

De wyn waard tige benaud en begûn te gûlen. Hy stoarme oer de ierde fan lilkens, want altyd wynstil, hy moast der net oan tinke. It iis, de snie, de berch en de woestyn seagen it gefaar ek en foeteren op de bosk dat dy dat net dwaan moast, want dan rekken hja harren winsk miskien ek wol kwyt. De freonen fan earder hiene rûzje. Foarhinne hie it altyd goed west en hie elkenien it nei ’t sin.
“Wêrom giet it no net mear goed mei ús?”, woe de bosk witte.
“Dat is de skuld fan it wetter”, sei de woestyn grimmitich.
“De minsken”, sei it wetter, “de minsken fersmoargje my, de bosk en sawat alles op ierde.”
“Dat is wier”, sei de wyn, “ik bin ek net sa skjin mear en wol gauris ferkâlden.”
“Soe dat sa wêze?”, sei it iis, dat sa njonkelytsen de heale ierde beduts. Allinne de bosk hie dus noch in winsk en sei:
“Dan winskje ik dat alles wer sa wurdt sa’t it foar al dy winsken wie en winskje ik dat de minsken better oppasse. Dan ha wy gjin winsken mear nedich.” Dêr wie elkenien it wol mei iens.
“Mar dan geane al myn winsken dus ferlern”, sei de wyn.
“Ja”, sei de ierde, “jo hiene ien winsk en dat hie genôch west, mar jo woene mear en jo kinne no sjen wat dat ‘noch mear’ teweibringe kin. Faaks komt fan it noch mear hawwe wollen allinne mar ellinde. De wyn skamme him suver, mar moast it wol tajaan.
De bosk sei syn winsk en de wyn sei:
“De winsk sil útkomme en it sil wurde sa’t it wie, mei gjin winsken mear en mei minsken dy’t better op ús passe.”
Dat hie de wyn moai sein en mei dy winsk koe elkenien it wol iens wêze. Fan doe of wie alles goed en hie nimmen mear wat te winskjen.

Sjoch ek www.itnijs.frl/2020/01/sjoerd-f-talsma-stoarn.
jannewaris 18, 2020 07:48
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga jannewaris 18, 14:27

    Wat in nijsgjirrich mearke en sa wier. De ierde hat it tige swier. It ferhaal is machtich moai en dreech. De wrâld kriget aanst in alsjend ien grien each.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.