Humanitas bringt krante út yn noardeastlik Fryslân

jannewaris 25, 2020 08:17

Ofrûne moandei rikte Humanitas de earste eksimplaren fan de Humanitaskrante Noordeast Fryslân út oan de wethâlders Kees Wielstra (gemeente Dantumadiel) en Jouke Douwe de Vries (gemeente Noardeast-Fryslân).

Foto: Nanne Nicolai

Mei de krante wol Humanitas syn aktiviteiten ûnder de oandacht bringe by de ynwenners fan noardeastlik Fryslân. De frijwilligersferiening helpt minsken om op eigen krêft harren situaasje te feroarjen. Troch it hiele lân binne der ferskate ôfdielings. Yn Fryslân acht, wêrûnder Noardeast Fryslân.

Maatskiplike projekten
Humanitas Noardeast Fryslân begeliedt ûnder oare by it learen fan in taal, it meitsjen fan it húswurk, by de thúsadministraasje of it grutbringen fan bern. De frijwilligers biede in helpende hân of in harkjend ear. Sy organisearje ek fakânsjes foar bern as dat troch omstannichheden der eins net yn sit. It projekt Humaa(N)tjes helpt minsken dy’t fanwege in beheining yn in isolemint driigje te reitsjen.

Fersprieding
Hoe’t se dat dogge, kin besjoen wurde yn de Humanitaskrante of op de webside fan Humanitas. De krante wurdt de kommende wiken hûs-oan-hûs ferspraat yn beide gemeenten en komt meikoarten ek yn de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel út.

jannewaris 25, 2020 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.