Hotze de Hamster (gedicht)

jannewaris 4, 2020 09:30
Nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen krigen wy dit gedicht tastjoerd. Mear gedichten en ferhalen binne fan herten wolkom. Redaksje It Nijs

Hotze de Hamster

Foto: pixabay.com

Tolve ambachten, trettjin ûngelokken,
ja, wat moat men no mei sokken.
Hotze is ek sa’nien,
hy hat yn syn libben al fan alles dien.

Timmerje, skilderje en by de boer,
op ‘e jiskewein riden, mar dat wie in hiele toer.
Yn de túntsjes hat er it ek net ret,
want griene fingers hied er net.

Yn de sûnenssoarch makke er it net lang,
de pasjinten hienen him tefolle noaten op ’e sang.
Parkearwachter wie ek net syn ding,
hy joech altyd de ferkearden in bekeuring.

Farre like him wol moai ta,
mar dêrfoar moatte jo wol seeskonken ha.
Hotze bedarre op it lêst yn de ww,
mar dat fielde foar him dochs net okee.

It foel him bot ôf om thús te sitten,
en doe hat er ris goed yn him omgean litten,
wat er no werklik graach woe
en wat echt by him passe soe.

Snuffelstaazjes ha him op it goede spoar set,
en no wurket er yn in supermerk lang om let.
Hokker winkel by him paste die gau bliken,
de AH fansels, want dêr ha se hamsterwiken.

Folkje Koster

jannewaris 4, 2020 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.