Holokaustmonumint ‘Libbensljocht’ yn Gytsjerk en Burgum

jannewaris 26, 2020 08:43 Fernijd

Op moandei 27 jannewaris is it 75 jier lyn dat konsintraasje- en ferneatigingskamp Auschwitz befrijd waard. Oer de hiele wrâld wurdt dêrby stilstien, ek yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Fan 22 oant en mei 27 jannewaris is it tydlike Holokaustmonumint Libbensljocht te sjen yn Gytsjerk en fan 28 jannewaris oant en mei 2 febrewaris by it gemeentehûs yn Burgum. Belangstellenden binne moandei 27 jannewaris om 19.00 oere fan herte wolkom by de betinking by it monumint op de splitsing Rinia van Nautawei (Noard) en Trynwâldsterdyk yn Gytsjerk.

Foto: Marco de Swart

Franz Wagner Joadske ynwenner fan Gytsjerk
Ut Tytsjerksteradiel is in Joadske ynwenner yn de Twadde Wrâldoarloch ophelle en fermoarde: Franz Wagner fan Gytsjerk. Yn syn earder wenplak is it monumint te sjen. Wagner waard berne op 7 maart 1920 yn Breslau en is omkaam op 30 septimber 1942 yn Auschwitz. Yn 1939 flechte er út Dútslân wei nei Nederlân. Franz Wagner wenne yn Gytsjerk by smid Klaas Olijnsma, op it hjoeddeiske adres Canterlandsewei 5 yn Gytsjerk.

Libbensljocht
It tydlike Holokaustmonumint Libbensljocht makket diel út fan in lanlik projekt fan it Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie, dêr’t mear as 150 Nederlânske gemeenten oan meidogge. Keunstner fan it tydlike Holokaustmonumint Libbensljocht is Daan Roosegaarde. Mei yn totaal 104.000 ljochtjaande stiennen – gelyk oan it tal slachtoffers út Nederlân – stiet it keunstwurk symboal foar de ympekt fan de Holokaust. De stiennen binne ferdield oer de ferskate gemeenten dêr’t Joaden, Roma en Sinty wennen. Om de pear sekonden ljochtsje de stiennen op en dôvje se wer. Troch stil te stean by it missen fan de plakgenoaten by Libbensljocht bliuwt it oantinken oan de slachtoffers libben.

Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer 75 jier frijheid is finen op www.t-diel.nl/75jaarbevrijding.

jannewaris 26, 2020 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.