Harmonisaasje plaknammen Waadhoeke

jannewaris 1, 2020 11:47

Ynstjoerd

Op 1 jannewaris 2018 waarden de gemeenten Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en in part fan Littenseradiel fuzearre ta de nije gemeente Waadhoeke. Yn it ramt fan in weryndieling heart de nije fúzjegemeente op grûn fan de Wet Arhi (Wet Algemene Regels Herindeling) alle regelingen fan de eardere gearstallende gemeenten binnen sa’n twa jier te harmonisearjen, sadat yn de nije bestjoersienheid alle ynwenners deselde rjochten hawwe. Dy harmonisaasje hat de gemeente Waadhoeke noch net trochfierd op it mêd fan de plaknammen.

De eardere gemeenten Menameradiel en Littenseradiel hawwe earder al harren plaknammen offisjeel ferfryske. De Fryske nammen waarden fêstlein yn de GBA (Gemeentlike Basis Administraasje) en BAG (Basisregistraasje Adressen en Gebouwen), wat betsjutte dat yn dy gemeenten tenei yn de kommunikaasje mei de oerheid (bygelyks nei de belestingtsjinst en rjochtbank) de Fryske nammen brûkt wurde koene, dus ek yn de Nederlânske kontekst. De plaknammebuorden koene dêrfan ôflaat ek ferfryske wurde. It is spitigernôch net mooglik plaknammen twatalich te registrearjen, sadat de Nederlânske en Fryske namme fan in doarp of stêd lykweardich binne.

Yn in brief fan 17 desimber 2016 haw ik by de gemeente Frjentsjerteradiel foarôfgeand oan de weryndieling al pleite foar it harmonisearjen fan de plaknammen. De gemeente andere dêrop net fan doel te wêzen om de skriuwwize fan plaknammen te feroarjen; de besteande nammen soene hanthavene wurde. Ik wie it dêr net mei iens, mar haw om yn berop te gean wachte oant de nije gemeenteried en de nije boargemaster fan Waadhoeke ynstallearre wêze soene.

Omdat Waadhoeke net oergie ta harmonisaasje fan de plaknammen ûntstie dus de paradoksale situaasje dat ynwenners fan de eardere gemeente Menameradiel en Littenseradiel de Fryske nammen wol brûke meie, mar ik en mei my alle ynwenners fan de eardere gemeente Frjentsjerteradiel net. Der is dus sprake fan rjochtsûngelikensens tusken bewenners fan de gemeente Waadhoeke.

Begjin 2019 hat der in petear west mei de wethâlder, mar dat late net ta oanpassingen fan it belied. Om’t ik (en mei my de Topografyske Wurkgroep Fryslân, TWF) fan miening bin dat soks stridich is mei de Wet Arhi haw ik yn in brief fan 20 maart 2019 in berop dien op de gemeente Waadhoeke om wol oer te gean ta harmonisaasje fan de plaknammen yn de gemeente. Sûnt 1 maart 1998 jildt dat it Nederlânsk regear ynstimt mei it Europeeske Hânfêst foar regionale talen of minderheidstalen om it brûken fan de tradisjonele foarmen fan plaknammen yn it Frysk ta te stean en/of oan te moedigjen. Spitigernôch hawwe Biltkers dy wetlike rjochten net en kinne se dêr dus gjin berop op dwaan om de Biltske nammen offisjeel yn Waadhoeke te brûken.

Opmurken moat noch wurde dat de yn 2014 yngiene Wet Gebruik Friese Taal gelikense rjochten foar it Nederlânsk en it Frysk yn Fryslân garandearret. Dat is befêstige yn 2017 yn de Bestjoerlike Oerienkomst Frysk Taalbelied yn de nije gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en ek yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke.

Op 13 juny 2019 hat de gemeenteried dochs besletten myn foarstel ôf te wizen, allinnich de FNP wie foar. Yn in brief fan 2 july 2019 andere de gemeente op myn brief fan 20 maart 2019 dat de gemeente Waadhoeke net oergean soe ta harmonisaasje fan plaknammen. Dat brief giet nammers hielendal net yn op it riedsbeslút fan 13 juny 2019.
Tsjin it beslút fan de gemeente haw ik op 19 july 2019 beswier oantekene. Hast trije moanne letter, pas op 11 oktober 2019, waard de beslissing troch de gemeente oan my bekend makke: it beswier waard net ûntfanklik ferklearre op basis fan it advys fan de kommisje foar beswierskriften dat it “gaat om een intern besluit, niet op enig (extern) rechtgevolg gericht”.
Der bin ik it út noch yn net mei iens. Ik fiel my as ynwenner fan Waadhoeke diskriminearre. Ik bin dêrom tsjin dat beslút yn berop gien by de bestjoersrjochter fan de Rjochtbank Noard-Nederlân. De TWF en ik beskôgje dizze saak as in proefproses dat konsekwinsjes hawwe kin foar soartgelikense kwestjes yn de takomst. Dêrom rop ik (en mei my de TWF) eltsenien op nei de rjochtsaak te kommen, dy’t hooplik yn Ljouwert holden wurde sil. In datum is no noch net bekend, mar as dy wol bekend wurdt sil ik dat melde yn It Nijs.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

jannewaris 1, 2020 11:47
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga jannewaris 1, 14:03

    Goed Jehannes datsto dit wer in kear op it aljemint bringst. De gemeente Waadhoeke moat better wurde mei it Frysk.

  2. Erwin2.0 jannewaris 3, 09:42

    Lit mar witte wannear. Wol der graach hinne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.