Grutte Gedichtejûn op 8 febrewaris yn Marktzicht te Drachten

jannewaris 29, 2020 10:21

Sa’n tritich dichters út alle hoeken en hernen fan Fryslân en Grinslân komme byinoar yn it smoute kafee Marktzicht te Drachten op 8 febrewaris. De Grutte Gedichtejûn wurdt alle jierren troch Frysk literêr tydskrift Ensafh holden. De jûn is in soarte fan poëzymaraton, de dichters folgje inoar yn heech tempo op, om’t elkenien net mear as ien gedicht foardraacht.

Marlene Bakker (foto: Marlene Bakker)

De jûn wurdt daliks al goed ynset, mei’t de nijste útjefte fan Hispel, nammentlik Eigentrieds: Outlaw en beatpoëzij, gearstald en oerset troch Lubbert Jan de Vries, presintearre wurdt. Muzikale ôfwikseling wurdt fersoarge troch de Grunneger sjongeres Marlene Bakker.

Tagong ta de Grutte Gedichtejûn is fergees. De jûn begjint om 19:30 oere, mar kom op ’e tiid, want it smûke kafee sit samar fol!

jannewaris 29, 2020 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.