Golden Globes foar ‘1917’ en ‘Once upon a time in Hollywood’

jannewaris 6, 2020 09:06

De film 1917 is by de útrikking fan de Golden Globes útroppen ta bêste film yn de kategory drama. Sam Menes krige ek de priis foar bêste regisseur. De Golden Globes binne nei de Oscars de wichtichste filmprizen. De priis foar bêste komeedzje/musical gie nei Once upon a time in Hollywood. Dy film fan Quentin Tarantino wûn ek yn de kategory bêste senario en bêste manlike byrol fan Brad Pitt.

Foto: morguefile.com

Akteur Joaquin Phoenix wûn in Golden Globe foar de haadrol yn de film Joker. Ellen DeGeneres waard priizge foar har hiele karriêre mei de saneamde Carol Burnett Award. De 61-jierrige De Generes kriget de oeuvrepriis foar har bydrage oan de Amerikaanske telefyzjewrâld.

De priis foar bêste akteur yn in minysearje gie nei Russell Crowe foar syn rol as Fox News-direkteur Roger Ailes yn The Loudest Voice. Hy wie sels net by de útrikking bywêzich, mei’t er nei eigen sizzen syn hûs en húshâlding yn Australië tsjin de boskbrannen beskermje moast. Aktrise Jennifer Aniston lies in ferklearring fan him foar.

“Fersin jo net, de trageedzje dy’t him op it stuit yn Australië ôfspilet, komt troch klimaatferoaring”, liet Crowe witte. “Wy moatte wat dwaan mei alle wittenskip dy’t wy hawwe, ús wrâldwiid op griene enerzjy rjochtsje en ús unike en geweldige planeet respektearje.”

jannewaris 6, 2020 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.