Geologywykein oer swalkstiennen yn Natuermuseum Fryslân

jannewaris 12, 2020 08:56 Fernijd

Alle jierren yn jannewaris organisearret de GEA Kring Fryslân yn gearwurking mei it Natuermuseum Fryslân in geologysk wykein. Dit jier is dat op 18 en 19 jannewaris. It tema is IIskâld & Stiengoed, swalkstiennen út de iistiden.

Foto: Natuermuseum Fryslân

Op ’e sângrûn fan Fryslân komt men se geregeld tsjin: tsjokke balstiennen. Yn Drinte makken se der sels hunebêden fan. Men kin se ek sammelje en útsykje út hokker part fan Skandinavië se kaam binne. IIskâld & Stiengoed giet oer de tocht fan dy swalkstiennen. Ut hokker gebiet yn Noarwegen, Sweden of Finlân kamen se en hoe witte je dat?

De ûnwennige stien
Keunstner Bart Eysink Smeets is by de iepening dy’t op sneon 18 jannewaris om 10.00 oere is. Hy fertelt dêr oer syn bysûndere projekt om in ûnwennige swalkstien werom te bringen nei Finlân. De stien kaam 200.000 jier lyn yn de IIstiid út Skandinavië wei nei it Drintske Borger, mei in protte soartgenoaten. Dêr kaam er njonken in drokke dyk telâne. De swalkstien hie langstme om werom te gean nei hûs ta, nei it memmestientme dêr’t er wreed fan losskuord wie. Yn oktober 2019 wie it safier en gie Eysink mei de stien nei it 1400 kilometer lizzende Åland. Mei de iepening fertelt Eysink oer syn reis mei syn 2000 kilo swiere reisgenoat.

Foto: Bart Eysink Smeets

Aktiviteiten
Yn it wykein binne der in protte aktiviteiten foar bern (fergees of tsjin in lytse fergoeding), lykas it trochseagjen fan meibrochte swalkstiennen (maksimale hichte 7 sm.), goudpannen, mineralen of fossielen út gips hakje en swalkstiennen fervje. Lykas wenst is der in merk dêr’t de GEA-leden harren moaiste fynsten sjen litte. Besikers kinne boppedat sels in samling begjinne (of harren eigen kolleksje útwreidzje): der binne mineralen, fossielen en swalkstiennen te keap. De yntree is dat wykein € 5,- de persoan (Underwettersafary net ynbegrepen).

jannewaris 12, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.