‘Ganz: How I Lost My Beetle’

jannewaris 13, 2020 09:41

De Folkswein Kever, ien fan de ferneamdste auto’s ea, kaam yn 1938 op ’e merk, nei in yn opdracht fan Adolf Hitler makke ûntwerp fan Ferdinand Porsche. De bydrage fan de Joadske auto-yngenieur Josef Ganz waard soarchfâldich stilholden.

Josef Ganz (foto: NTR)

De dokumintêre ‘Ganz: How I Lost My Beetle’ rekonstrurearret it libbensferhaal fan dy Ganz (1989-1967), de auto-yngenieur en -sjoernalist dy’t Dútslân ferraste, doe’t er yn 1932 yn in revolúsjonêre lytse auto ferskynde. It wie syn dream: in lichte en manoeuvrearbere auto dy’t foar elkenien te beteljen wie. Hitler, krekt oan ’e acht, dielde syn dream. Allinnich wie der yn syn Dútslân gjin plak foar de Joadske útfiner Ganz. De dokumintêre fertelt it tragyske ferhaal fan de man waans ûntwerpen en ideeën ta de útfining fan de Folkswein Kever laten, mar dy’t úteinlik alles kwytrekke.

Mei famyljeleden besiket sjoernalist en Ganz’ biograaf Paul Schilperoord de neilittenskip fan Josef Ganz bekendheid te jaan en letterlik wer de dyk op te krijen.

Rezjy: Suzanne Raes
Produksje: Submarine yn koproduksje mei NTR, Lichtblik Film en WDR

Utstjoering: tiisdei 4 febrewaris, 22.25 oere yn 2Doc op NPO2

Besjoch in foarfilmke op YouTube.

jannewaris 13, 2020 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.