Fryske flagge giet tebek op echte folksynfloed, de Nederlânske net

jannewaris 18, 2020 07:56

Ynstjoerd

Flaggen! Ik brûk se net, omdat ik se net haw. O ja, ik haw wol ienris troch immen in flamjend read mei swarte anargistyske flagge mei it symboal fan de kearnûntwapening derop meitsje litten, en dy haw ik ek noch altiten. Mar it anargisme haw ik al tsientallen jierren lyn efter my litten, dy flagge leit no opteard as kurioasum yn in doaze.

Mar dêr hawwe wy de diskusje wer. Mei tank oan Forum voor Democratie. Dy partij wol mei de PVV en 50PLUS dat de Nederlânske flagge yn de Steateseal komt te hingjen. As symboal, sa sizze se, fan ‘it algemien belang’. Ja, ja. Der hingje no gjin flaggen yn de Steateseal. Dat is wol it gefal mei de Lytse Deugden. Dat binne trije lytse bylden, dy’t boppe de stoel fan de kommissaris fan de Kening yn de wand stean. Yn 2018 is der aksje ûndernommen om de bylden werom te krijen. De orizjinele bylden fan de deugden foarsichtichheid, rjochtfeardigens en krêft wiene fuortrekke. Dêr hoege ek gjin flaggen by.

De yntsjinner, Steatelid Albert van Dijk fan Forum voor Democratie sil wol tocht hawwe: Wy moatte no ús slach slaan, foar´t wy by in folgjende ferkiezing wer út de Fryske Steaten ferdwine. Se hawwe dêr by it Trio fan FvD, PVV en 50 Plus net betocht dat de kiezersgeunst ornaris hiel wif is en sa wer omslaan kin. Der kinne suksesfolle tsjinstelde bewegingen opkomme, mar ek konkurrinten, dêr’t dan de trije niisneamde klups heftich mei stride moatte om de kiezersgeunst.

It Trio fynt blykber dat it de Friezinnen en Friezen yndruid wurde moat dat se dochs foaral ûnderhearrich binne oan de Nederlânske macht. Ik wit, guon frisiasten roppe altiten: Nee, it is de Hollânske macht. Ik wol dyjingen dan hjirby út de dream helpe: Nederlânske macht IS Hollânske macht. It wurdt yn Fryslân foaral noch wolris nei foaren brocht dat dêr foaral grutte ferskillen tusken sitte soene. Der binne ynwenners fan de provinsje Fryslân dy’t libje mei de yllúzje dat ‘Nederlân’ foaral hiel wat oars is as ‘Hollân’. Dat komt omdat hja in byld fan Nederlân hawwe dat berêst op fierstente bot idealisearre foarstellingen en tinkbylden út it tiidrek 1700-1980, gefolch fan jierrenlange yndoktrinaasje yn it ûnderwiis yn Fryslân.

Yn werklikheid is Nederlân in sintralistyske bananemonargy mei hjir en dêr aardich wat korrupte trekjes. Tink allinnich mar ris oan al dy swart makke ‘iepenbiere’ oerheidsstikken, fan de belestingen oant en mei de MH17-affêre, en yn Fryslân soe ik der ek de oanhâldende geheimhâlding fan gemeentlike stikken yn Dokkum om de romrofte Sinterklaasyntocht fan 2017 hinne by neame kinne. Ik wit wol, lang hawwe se de skyn opholden dat it oars wie, mar de reedlike Nederlânske welfare-state dy’t se nei 1945 tochten opboud te hawwen, is al aardich fierweihinne wer ôfbrutsen. En wurdt, sa bin ik bang, noch folle fierder nei gichem holpen.

Fan de 18 miljoen ynwenners fan de Nederlânske steat ken ik tink ik heechút in pear hûndert. Dêr binne bêst wol aardige lju by. Myn heale oantroude famylje is Hollânsk, ja sels Amsterdamsk, dus fertel my wat. Mar dat hantsjefol aardige Nederlanners dat ik ken, bringt my never-nea yn de ferlieding om te sizzen dat Nederlân no sa’n aardich lân is. Want dat is it net, sjoch hjirboppe.

Dêrom fyn ik ek net, dat de Fryske Staten meigean moatte yn dat rare foarstel fan it Trio. Sjoch allinnich mar ris nei de symboalyske betsjutting fan de Nederlânske en de Fryske flagge. Neffens wikipedia (https://nl.wikipedia.org/wiki/Vlag_van_Nederland) is de Nederlânske flagge oarspronklik de Hollânske flagge, ûntstien yn de tiid dat it Beierske hûs oan de macht wie yn it greefskip Hollân (1354-1433). De trije kleuren fan de flagge binne fuortkommen út dy fan it wapen fan de greven fan Hollân, dat bestie út it Beierske wapen ferfrissele mei it wapen fan it greefskip Hollân.

De Fryske flagge hat âldere en ek demokratysker woartels. De sân pompeblêden yn ús flagge hâlde it ûnhâld libben oan de sân Fryske seelannen, in ferbân dat stal krige yn it ferbûn fan de Upstalsbeam. It hat úteinlik net goed wurke, dat is ek wier, mar der giet in folle krêftiger symbolyk fan út. De Nederlânske flagge fynt syn oarsprong yn de feodaliteit, de Fryske flagge yn in situaasje dy’t krekt NET feodaal wie. Net yn in in neffens moderne mjitstêven oer alle boegen demokratyske tastân, mar wol in tastân dy’t folle demokratysker wie as dêr’t de Nederlânske trijekleur op tebek giet. De minsken yn de Fryske Staten dy’t demokrasy en frijheid leaf hawwe, soene dêr ris goed oan tinke moatte, foar’t se meigean yn dat healwize útstel fan in Trio, dat no wol út in grut gat blaast, mar ek sa wer yn de dize fan de flechtige politike sympatyen weiwurde kin.

Kerst Huisman

jannewaris 18, 2020 07:56
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren jannewaris 18, 09:58

    Ik stel in compromis foar: in lyts trie kleurke fan 10 bij 15 cm ….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.