Frâns Kuipers: Polityk as ferdivedaasje?

jannewaris 25, 2020 19:59

Kollum

Yn 2021 binne der wer Keamerferkiezingen, alteast as Rutte-III net earder nei hûs stjoerd wurdt. Dat lêste sil net barre, want alle partijen binne no – 2020 – oan ’e gong mei popkes en partij-profilearring. Nederlân stiet yn de prottelstân; alles moat wachtsje. De spanning tusken de partijen rint op. Talkshows, oars sein: Praatprogramma’s lykas Jinek’ Rtl-4 of Op1’ NPO en Buitenhof’ op snein nei it Nijs fan tolve oere, besprekke mei nocht en wille alles wat der mis giet of gien is yn Nederlân. Politike kopstikken wurde dan oan tafel frege om dat allegearre út te lizzen. De ûnderlinge striid om de sjochsifers tusken RTL-4 en NPO 1 hingje dêrfan ôf! Jo soene it tinke.

Hûnderttûzenen minsken sitte jûns fan healwei tsienen ôf mei ‘chips en gleske’ op de bank te sjen en te hearren nei in man as CDA-minister Wopke Hoekstra. In kopstik! Sa krigen sjoggers en harkers ynsjoch yn de skamsume wurkwize by de belestingtsjinst. Tûzenen âlden mei jonge bern en ek guon ynstellingen foar berne-opfang wiene as fraudeurs bestimpele, want sy soene ûnterjochte bernetaslach krige ha. Hoe dan ek, sil Wopke Hoekstra de biezem troch de belestingtsjinst helje. D66’er Snel is opstapt en syn partij moat twa nije steatssekretarissen leverje. Topminsken by de belesting set men as minister net samar oan de kant. Rutte hat ek mei in tal âlden praat; hy koe syn triennen net ynhâlde en dat seit wat. Al dat politike gewraksel lit sjen dat politisy (as goed betelle) frijwilligers faak net witte wêr’t se yn belânje, as se oan harren politike wurk begjinne. Lês: https://www.itnijs.frl/2019/12/frans-kuipers-mylder/

Spannende praattafels
Soarchminister Hugo de Jonge (CDA) – eartiids skoalmaster en polityk ynteressearre rekke yn CDA-polityk – waard wethâlder yn Rotterdam. As minister mei opfallende puntskuon docht er syn uterste bêst om de sûnenssoarch wer op oarder te krijen. Mar de tarieding foar de ferkiezingen fan takomme jier is ek begûn. Hy moat him profelearje en dêrom bringt er, út de losse pols, op it aljemint dat Nederlân net mear as 80.000 ymmigranten oan kin. Wol er Baudet en Wilders in poepke rûke litte? Hoekstra syn profyl as saakkundige op it mêd fan finânsjes, skoart heger as De Jonge, bin ik bang. Wopke bokst ek, hearde ik. Hy is sportyf en strûpt de mouwen op.

CU-lieder Seegers spilet himsels ek goed yn byld. Hy stiet noed foar behâld fan libbensetyk. Hy moat neat ha fan abortus, frijwillige eutanasy en/of libbenseinwinsk. De koälysje mei D66 makket it him lykwols net maklik, mar Seegers hâldt hoek. Hy sit geregeld oan de praattafels.

CU-minster Arie Slob is slim oantangele mei it basis- en it fuortset ûnderwiis. It slagget him net om rêst te bewurkjen. Underwiisstakingen geane gewoan troch. De bêste man praat krêftige taal, mar wit eins net goed hoe’t er der mei oan moat. Sn oanfal op it Haga College yn Amsterdam wurdt troch de rjochter ferbean. Neat mis fansels, mar Slob wie learaar en no is er minister foar ûnderwiis! Gean der mar oan stean.

SGP-foaroanman Kees van der Staay is in stabyl politikus. Hy is net fan syn iensidige fyzje ôf te bringen, sa komt it oer. Hy is it langstsittend Keamerlid. Hy skoot net al te faak oan by praatprogramma’s. Soks bringt him neat. Geert Wilders sjogge wy trouwens ek nea yn praatprogramma’s. Dy kriget dan fragen dy’t er net beänderje kin. Wilders hantearret leaver de metoade fan Trump fan Amearika. Twitterje.

Neat oer Rutte-II
Lodewijk Ascher fertelt graach oer de come back fan de PvdA. Hy set no yn op ‘wissigens’. Hy doelt op baanwissigens. Wissigens foar alle wurkjenden, ynklusyf ZZP’ers en flekswurkers. De peilingen sjogge der goed út foar de PvdA. Wat yn praatprogramma’s opfalt is dat Ascher eins nea yn it sin brocht wurdt dat de PvdA ek ferantwurdlik is foar alle beliedsellinde fan hjoed-de-dei. Ascher hat ûnder syn tiid as vice-premier yn Rutte-II ek flatere by it ûnderwiis, de soarch, it plysjewurk, ensafierder. Syn rol wie negatyf; de PvdA is by de foarige ferkiezingen net om ’e nocht ôfstraft troch de kiezers. Dat jildt trouwens ek foar it CDA, D66 en de VVD, mar de VVD waard dat net oanrekkene, sa liket it. Mar flaters tajaan is foar politisy dreech. Se prate der leaver mei omhaal fan wurden omhinne. Dêr hat it folk skjin genôch fan.

De VVD sit op it stuit wat minder faak yn praatprogramma’s, want der komme te folle VVD-politisy negatyf yn it nijs. Soks is fansels prachtich om yn praatprogramma’s te besprekken. Sa kaam VVD-toptalint dr. Klaas Dijkhoff – begûn as frijwillich riedslid yn Breda – ek negatyf yn it nijs. Hy krige ekstra jild boppe-op syn riant salaris as Keamerlid fan sa’n 170.000 euro. “Hier heb ik recht op”, wie syn (earste) reaksje, want hy wie efkes minister fan Definsje en steatssekretaris fan Feilichheid en Justysje. Hy sjocht, ûnder druk fan bûten, ôf fan dat ekstra jild. Dijkhoff wie tagelyk ek de man dy’t fan betinken is dat útkearingen wol leger kinne.

Ferdivedaasje?
As Rutte by in praattafel oanskoot is it ‘feest’. Rutte is handich, sa glêd as in iel en laket alle problemen fuort. Hy kin nóch wol in perioade mei, want der sit noch gjin sleet yn him. De sjochsifers fan dy omrop dy’t Rutte oan tafel hat, fleane dan omheech. Al it foargeande en noch folle mear is te lêzen yn kranten, te sjen en te hearren yn de sjoernaals fan radio, telefyzje en by de talkshows. Is polityk ferwurden ta amusemint? Ta folksfermaak? Ferdivedaasje?

jannewaris 25, 2020 19:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.