Filmkick: 10.000 euro winne om in koarte film te meitsjen

jannewaris 16, 2020 09:03

De Filmkick-kompetysje fan it Noardlik Filmfestival is wer iepene foar ynstjoeringen. Filmmakkers kinne oant en mei 12 maart harren eigen filmplan en skript yntsjinje om kâns te meitsjen op € 10.000,- prizejild. Wa’t de kompetysje wint, makket mei dat prizejild noch dit jier syn of har koarte film en sjocht dy dan yn wrâldpremjêre gean op it kommende Noardlik Filmfestival fan 11 o/m 15 novimber 2020 yn Ljouwert.

De kompetysje is bedoeld foar koarte filmplannen foar fiksje, dokumintêre, keunst, animaasje of muzykfideo (tusken de 3 en 10 minuten maksimaal). Neist it prizejild mei it totale budzjet fan de film mei fiiftûzen euro alternative finansiering oanfolle wurde.

In sjuery fan trije filmprofessionals beoardielet de plannen en skripts op aktualiteit, orizjinaliteit, helberheid, artistike kwaliteit en in relevante link mei Fryslân. Net-Fryske makkers kinne meidwaan troch bygelyks in film yn Fryslân te meitsjen, te wurkjen mei in Fryske crew of de Fryske taal op te nimmen yn it skript.

De winner fan 2018: Rutger Veenstra en ploech mei ‘Nei de dûns’ (foto: Roelof Heida)

Mei de Filmkick kompetysje biedt it Noardlik Filmfestival in opstap en in platfoarm foar talintfolle filmmakkers. De kompetysje sette yn 2014 útein as Nieuwe Competitie en waard yn 2018 omdoopt ta Filmkick. De films fan de winners reizgje nei harren premjêres yn Ljouwert yn ’e regel lâns oare filmfestivals oer de hiele wrâld, slepe geregeld prizen yn ’e wacht en iepenje doarren foar de ambisjeuze makkers.

Alle betingsten om mei te dwaan oan de Filmkick-kompetysje binne te finen op de webside fan it Noardlik Filmfestival. Ynstjoere kin oant en mei 12 maart. De priisútrikking stiet plend op tongersdeitejûn 9 april yn Slieker Film, Ljouwert.

jannewaris 16, 2020 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.