Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (99)

jannewaris 4, 2020 07:00

Sjoch de minske!

Ecce Homo, Carvaggio (1571-1610)

Pontius Pilatus jout him wer nei bûten ta en seit tsjin ’e prysters en de minskeklibers dy’t dêr gearklofte binne:
“Neffens my hat er neat ferkeards dien. Mar jim binne wend dat ik alle jierren mei Peaske in finzene frijlit. Sil ik dan mar dy sabeare Kening fan ’e Joaden frij litte?”
“Nee”, roppe de prysters en de minskeklibers. “Lit Barabbas frij!”
Barabbas is lykwols in rôver en in kweadogger. De folksklibers binne alhiel tsjin Jezus opstokele en roppe: “Krusigje Jezus! Krusigje Jezus!” Want se wolle bloed sjen. Pilatus besiket him de hannen yn ûnskuld te waskjen en seit:
“Jim hawwe it sels wollen. Syn bloed is aansen oan jim hannen. Ik bin ûnskuldich oan syn dea.”

Sa is Pilatus in skeakel yn ’e krusiging, yn gong set troch dejingen dy’t de minsken fertelle wat goed is en wat net, wat Gods wil is. De soldaten fiere My mei. Se jouwe My mei de swipe, lûke My in poarper kleed oan en sette My in kroan fan toarnen op ’e holle. En se sizze tsjin My:
“Ave, Kening fan ’e Joaden!”
En se bûtse My mei in stôk op ’e holle en spuie nei My en falle foar My op ’e knibbels. Sa hawwe se de gek mei My.

Pilatus komt wer nei bûten ta en seit tsjin ’e minskeklibers en de prysters:
“Sjoch, ik bring Him foar jim nei bûten ta, dat jim witte dat ik gjin skuld yn Him fyn.”
En Ik kom nei bûten ta mei de toarnekroan op en it poarper kleed om. De minskeklibers roppe:
“Krusigje Him! Krusigje Him!”
Dan stekt Pilatus de earm op, wiist nei My, en de minskeklibers falle stil en freegje har ôf wat er sizze sil.
En Pilatus, dy’t frege hat “Wat is wierheid?”, jout sels it antwurd:
“Sjoch de minske.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
jannewaris 4, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.