Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (102)

jannewaris 25, 2020 06:57

Fra Angelico (±1395-±1455), Froulju by it grêf

Rydboskjen en alteraasje

By it lemieren, as de sinne opkomt, geane Maria fan Magdala, Salomee en Maria de mem fan Jakobus mei balsemoalje nei it rotsgrêf ta om de lea fan Jezus te balsemjen. Underweis sizze se tsjininoar:
“Wa kin foar ús de stien foar it grêf weirôlje?”
Mar at se dêr oankomme, sjogge se dat de stien al weirôle is. En at se yn it rotsgrêf binne, sjogge se in jongfeint sitten mei wite klean oan en dêr wurde se bang fan. De jongfeint seit tsjin har:
“Wês net benaud. Jimme sykje Jezus, dy’t mei spikers oan it krús slein wie. Mar sykje de libbene net by de deaden. Hy is wekker wurden. Hy is hjir net. Sjoch it plak, dêr, dêr’t Er lei. Gean no werom en fertel Petrus en de oaren dat Hy jim opsykje sil, ûnderweis nei Galileä en yn Galileä, sa’t Hy jim earder al sein hie.”
Se geane nei bûten ta en flechtsje by it grêf wei, want se rydboskje en binne alhiel feralterearre. Likegoed libbet de Almachtige yn har.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
jannewaris 25, 2020 06:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.