Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (101)

jannewaris 18, 2020 07:05

Caravaggio, Jezus wurdt fan it krús ôfnommen

Haadstik 12 De Goede libbet yn ús

Yn linnen mei mirre en aloëe

As it jûn wurden is, giet Jozef fan Arimateä, ien fan ’e autoriteiten dy’t mei Jezus sympatisearret, nei Pontius Pilatus ta en freget him om de lea fan Jezus. Pontius Pilatus fynt it frjemd dat Jezus al stoarn is. Hy lit de sinturion komme en freget him oft Jezus al stoarn is. As de sinturion dat befêstiget, jout er Jozef tastimming om syn lea fan it krús ôf te heljen. Nikodemus jout him by Jozef en hy bringt in salve mei dy’t makke is fan mirre en aloëe, likernôch hûndert pûn. Se helje syn lea fan it krús en wine Him yn linnen, trochwiet fan mirre en aloëe. Deunby is in plak mei in nij rotsgrêf dat noch net brûkt is. Dêr lizze se Jezus yn en rôlje in stien foar de yngong fan it grêf. Maria fan Magdala en Maria de mem fan Joses hawwe sjoen wêr’t it grêf is. Omdat de twa dagen dy’t komme hillige dagen binne, kinne se earst trije dagen letter by it grêf weromkomme en dat dogge se ek. De Goede libbet yn har.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
jannewaris 18, 2020 07:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.