Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (100)

jannewaris 11, 2020 08:14

Sjoch Gods Soan

Diego Velázquez (1599-1660), De krusiging fan Jezus

Nei de bespotting lûke se My it poarper kleed ôf en dogge My myn eigen klean wer oan. Se presje in foarbygonger om myn krús te dragen. It is Simon fan Cyrene, dy’t krekt fan it lân komt. En sa giet de krúsgong nei Golgota ta, it plak fan bonken en skeletten. Se jouwe My in krûk mei in ferdôvjend drankje deryn, jittik mei mirre en galle, mar Ik drink der net fan. Myn meiminsken slane My oan it krús en ferpartsje myn klean troch derom te dobbeljen. It is dan likernôch tsien oere moarns en myn leed is grutter as myn pine.

By it krús steane in protte froulju, Maria ús mem, Maria fan Magdala, Maria fan Klopas, en oaren. En Johannes is der, de learling dêr’t Ik it meast fan hâld. As Ik Johannes en Mem sjoch, sis Ik:
“Frou, sjoch jo soan.”
En dêrnei sis Ik tsjin Johannes:
“Johannes, sjoch dyn mem.”
Sûnt sil ús mem by Johannes wenje.

Mei My krusigje se twa rôvers, ien oan myn rjochterkant en ien oan myn lofterkant. En de foarbygongers skodzje de holle en misledigje My:
“Hee, do seist datst de timpel ôfbrekst en yn trije dagen wer opboust, rêd dysels en kom fan it krús ôf!”
Allyksa hawwe de autoriteiten de gek mei My:
“Oaren hat Er rêden, himself koe Er net rêde. Lit de Kristus no fan it krús ôf komme. Dan sille wy sjen dat er de wierheid sprekt en yn Him leauwe.”
De iene misdiediger dy’t mei My krusige is, docht mei har lekskoaien mei. Mar de oare nimt it foar My op en seit:
“Bist sels no net bang foar God, no’tsto deselde straf krigest as Hy? It is rjochtfeardich dat wy dizze straf krije foar wat wy dien hawwe. Mar Hy hat alhiel gjin kwea dien.” En hy seit tsjin My:
“Jezus, tink oan my aansen yn jo keninkryk.”
En Ik sis:
“Haw gjin noed. Do silst hjoed noch mei My yn it keninkryk wêze.”

As it likernôch ien oere is, komt der in sinnefertsjustering dy’t oant fjouwer oere duorret. As dy hast oer is, stjit Ik de earste rigel fan psalm 22 út:
Myn God, myn God, wêrom hawwe Jo my ferlitten?
Guon fan it omsteand laach hearre it mar begripe it net en sizze:
“Hark, Hy ropt om wetter.”
En immen rint op it krús ta, docht in spûns yn soere wyn, stekt him op in stôk en jout My te drinken. As Ik dronken haw, sis Ik:
“It is folbrocht.”
Ik stjit in kreet út en jou de geast. In soldaat stekt My mei de spear yn ’e side om te sjen oft Ik wier wol dea bin. Der komt wat wetter en bloed nei bûten ta en Ik beweech net mear. As de sinturion dy’t foar My oer stiet, sjocht hoe’t Ik de geast jûn haw, seit er:
“Sjoch dizze minske. It is de wierheid. Hy is foarwis in Soan fan God.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
jannewaris 11, 2020 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.