Ekstreme sniefal yn Kanada

jannewaris 19, 2020 12:14

De ôfrûne dagen is in ûnbidich soad snie fallen oan de eastkust fan Kanada. De Kanadeeske oerheid stjoert it leger nei de provinsje Newfoundland om de diken frij te meitsjen.

Foto: pixabay.com

Yn de haadstêd Saint John’s foel yn ien nacht tiid mar leafst 76 sintimeter snie. Parkearde auto’s en huzen ferdwûnen ûnder in tsjok pak snie. De stêd slagget der sels net yn om de snie op te romjen.

De minister-presidint fan Newfoundland, Dwight Ball, rôp de needtastân út en joech oan dat er de help fan de federale oerheid en it leger frege hie. It Kanadeeske regear gie fuortendaliks op de fraach yn. De earste soarch is om de diken nei de sikehuzen ta frij te meitsjen.

De warskôging foar sniestoarmen is wer ynlutsen, mar de boargemaster fan Saint John’s, Danny Breen, lit witte dat de needtastân yn ’e stêd noch hieltyd fan krêft is. Alle winkels moatte ticht bliuwe en alle reau is ferbean yn de strjitten fan de stêd, útsein needreau, plysje, brânwacht en sike-autos, liet de boargemaster wite.

Der wurdt noch mear snie ferwachte. Sneintejûn soe yn de regio noch wolris tsien oant fyftjin sintimeter snie falle kinne.

jannewaris 19, 2020 12:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.