Dit feroaret allegear yn 2020

jannewaris 1, 2020 03:00

Yn 2020 wurde beskate saken makliker of dreger, goedkeaper of djurder – of gewoanwei oars. Hjirûnder in list fan wichtige feroarings dy’t jo te wachtsjen steane.

  • Jo meie fan healwei maart ôf op Nederlânske sneldiken oerdeis mar hûndert kilometer yn ‘e oere mear ride. De krekte yngongsdatum ferskilt en is ôfhinklik fan hoe fluch oft de nije buorden pleatst wurde kinne. Yn ‘e rin fan maart moat rûnom yn it lân de nije maksimumfaasje fan krêft wurde.
  • Allegear gemeenten krije yn 2020 miljeusônes, dêr’t fersmoargjende auto’s net mear komme meie. Benammen âlde diselauto’s binne yn in protte gruttere plakken net langer wolkom.
  • Straffen foar ferkearsoertrêdings wurde swierder. Boeten wurde heger en wa’t gefaarlik rydt, kin in healjier efter de traaljes stoppe wurde.

Foto: Wesseltje14 at Dutch Wikipedia – lisinsje CC BY-SA 3.0

  • Yn de streekbussen fan Qbuzz kin men skielk net mear op fingerseinen betelje. Wa’t yn ‘e bus in kaartsje keapet, moat mei de pinpas ôfrekkenje.

  • Der bliuwe mar twa belestingskiven foar de ynkomstebelesting oer. De measte minsken yn Nederlân sille dêrtroch minder belesting betelje.
  • Foaral foar fermoargjende diselauto’s wurdt de wegebelesting in stik heger troch de saneamde roettaslach.
  • De flekswet feroaret wer: yn trije jier tiid meie wurknimmers op syn heechst trije kear in tydlik kontrakt krije. Dêrnei wurdt it tsjinstferbân automatysk foar ûnbeheinde tiid.
  • De hypoteekrinteôftrek giet omleech fan 49% nei 46%.
  • Ierdgas wurdt djurder en elektrysk wurdt goedkeaper.
  • Smoken wurdt gâns djurder: in pakje sigaretten kostet skielk 1,14 euro mear en in pakje sjek 2,85 euro.

  • Foar mobyl telefoanferkear wurdt yn 2020 it 5G-netwurk yn gebrûk nommen.
  • Microsoft jout net langer stipe foar it bestjoeringssysteem Windows 7.

Foto: It Nijs

  • Rieden fan kommissarissen fan bedriuwen mei oandielen op ‘e beurs moatte foar op syn minst tritich persint út froulju bestean.
  • De militêre tsjinstplicht jildt tenei ek foar froulju. Dat sil yn ‘e praktyk net folle konsekwinsjes hawwe, want it ministearje fan definsje ropt al tsientallen jierren gjin tsjinstplichtigen mear op.
jannewaris 1, 2020 03:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.