Klaas Fokkinga ynstallearre as deputearre

jannewaris 23, 2020 09:25

Woansdeitemoarn 22 jannewaris is de 66-jierrige Klaas Fokkinga ( FNP) keazen as nij lid fan Deputearre Steaten. Hy waard ynstallearre yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Klaas Fokkinga nimt it stokje oer fan FNP’er Johannes Kramer, de nije boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

Foto: Provinsje Fryslân

Klaas Fokkinga út Nes is de nije deputearre fan de FNP. Fokkinga is lykwols net op ûnbekend terrein. Yn de foarige perioade (2015-2019) wie er Steatelid en fan 2010 oant 2015 wie er riedslid yn de eardere gemeente Dongeradiel foar de FNP. Fokkinga nimt ûnder foarbehâld de portefúljes fan Kramer oer. Under mear dy fan lânbou, leefberens, wenjen, plattelânsbelied, erfgoed, breedbânynternet en Holwert oan See. As âld-Steatelid is Fokkinga thús yn dy ûnderwerpen. De úteinlike ferdieling fan portefúljes wurdt letter bekend makke.

Neist syn politike ynteresse hâldt Fokkinga him ek dwaande mei it ûnderwiis. Sa wie er earder direkteur fan ferskate basisskoallen. Boppedat hat er yn 2011 it ûnderwiisadvysburo Interprimair oprjochte. Interprimair is rjochte op it learen fan frjemde talen yn it bûtenlân, ûnderwiisprojekten en ynternasjonalisearring yn it ûnderwiis.

jannewaris 23, 2020 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.