De situaasje yn Australië

jannewaris 4, 2020 12:04

Matthijs Verkuijl, ien fan de lêzers fan It Nijs, sit op it stuit yn Australië. Hy stjoerde ús ûndersteand berjocht.

Foto: Matthijs Verkuijl

Hjoed wurde mear as hûnderttûzen minsken út in part fan East Australië wei evakuearre fanwege de kombinaasje fan wyn en brân yn ferskate parten fan bygelyks Victoria-State. Grutte parten binne ferrinnewearre troch de brân. Yn Victoria allinnich al dielen mear as tweintich kear sa grut as Fryslân. No al goed tûzen huzen binne folslein ferneatige. Acht minsken ferstoarn en in soad fermist.Tûzenen op de flecht nei oare parten. Der binne no al acht gebieten dy’t ek yn ’e brân steane. Oare minsken binne flechte nei strân, mar dat is ek tige nuodlik. Dêr wurde se no weihelle troch de boaten fan de Navy. Op dy oarlochsskippen binne se feilich.

Dei en nacht binne de minsken fan de brânwacht dwaande om de situaasje safolle mooglik yn de stringen te krijen. Om ’e nocht. Hieltyd komme der nije gebieten by, no de kant út fan de haadstêd. Fansels in soad emoasjes by minsken dy’t alles, mar dan ek alles kwyt binne.
Troch it soarte fan ramp ferrint de helpferliening faak min, watfoar plannen der ek binne. Yn dizze Fire Hell Inferno en Exodus is de natuer te machtich en de minske machteleas.

jannewaris 4, 2020 12:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.