‘De Nieuwe Maan’ is werom mei nije presintator

jannewaris 25, 2020 08:31

Freed 24 jannewaris is in nij seizoen fan it telefyzjeprogamma De Nieuwe Maan úteinset. Ajouad El Miloudi folget dêryn Fidan Ekiz op as presintator. Hy sil alle wiken freeds om 17.15 oere mei syn gasten de ûntwikkelingen yn de multykulturele maatskippij besprekke.

Ajouad El Miloudi (foto: Stijn Ghijsen/NTR)

Ajouad El Miloudi is al sûnt syn 18e aktyf yn de mediawrâld. Hy hat ûnderwilens in list fan ferskate programma’s op syn cv stean en is by it grutte publyk bekend fan programma’s as De Keuringsdienst van waarde, De Reünie en Kaaskop of Mocro. Njonken it presintearjen fan programma’s betinkt en skriuwt er sels ek telefyzjeprogramma’s oer ûnderwerpen dy’t him nei oan it hert lizze.

Tekenjend foar de nijsgjirrige en belutsen Ajouad is dat er troch syn ûntwapenjende laits fragen beäntwurde kriget dy’t in oar net doart te stellen. Dat makket him in wolkomme gast by praatsjoos, der’t er geregeld yn útnûge wurdt om mei te praten.

“In praatsjoo presintearje is in dream, foaral om dat dwaan te meien foar in omrop dy’t iepenstiet foar nije ideeën en ûntwikkelingen” – Ajouad El Miloudi

Njonken De Nieuwe Maan sil Ajouad fan 2020 ôf ek oare programma’s meitsje foar de NTR.

De earste ôflevering fan De Nieuwe Maan is te sjen op Uitzending Gemist. Fan 7 febrewaris ôf skoot it programma nei 18.00 oere.

Folgje De Nieuwe Maan fia Facebook, Instagram of Youtube.

jannewaris 25, 2020 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.