De Fryske Marren hat enerzjysunichst wenningoanbod fan Fryslân

jannewaris 28, 2020 09:05

Fan alle Fryske gemeenten hat De Fryske Marren it enerzjysunichst oanbod fan keapwenten. Dat docht bliken út ûndersyk fan ynternetwinkelsintrum Beslist.nl, dat de enerzjylabels fan goed 100.000 te keap steande wenten en resint ferkochte keapwenten analysearre. Sûnt 2015 is it foar wenningferkeapers ferplichte om in enerzjylabel oan de nije bewenners oer te langjen.

Foto: pixabay.com

Goed twa op tsien wenten yn De Fryske Marren hawwe sunichste enerzjylabel
Foar it keapjen fan in enerzjysunige wente kin men poerbêst yn De Fryske Marren terjochte. Likernôch 23% fan wenten dy’t dêr yn ’e ferkeap stean of koartlyn ferkocht binne, beskikt oer it sunichste enerzjylabel (A). Der wurde ek in protte wenten mei enerzjylabel B oanbean (24%), enerzjylabel C (25%) en enerzjylabel D (14%). 14% fan de wenten beskikt oer enerzjylabel E of leger.

Lanlik sjoen stiet De Fryske Marren op it 67e plak fan de hast 300 gemeenten dêr’t it wenningoanbod grut genôch fan wie om in trochsneed enerzjysunichheid berekkenje te kinnen. Almeare hat fan alle gemeente it enerzjysunichste wenningoanbod.

Alle Fryske gemeenten dy’t ûndersocht binne en harren posysje op de lanlike ranglist: De Fryske Marren (67e plak), Smellingerlân (98e plak), Eaststellingwerf (111e plak), Tytsjerksteradiel (147e plak), Achtkarspelen (158e plak), It Hearrenfean (164e plak), Opsterlân (186e plak), Waadhoeke (195e plak), Súdwest-Fryslân (215e plek), Weststellingwerf (216e plak), Ljouwert (222e plak) en Noardeast-Fryslân (239e plak).

Fryslân skoart midsmjittich mei oanbod enerzjysunige wenten
Op provinsjaal nivo komme wenten yn Fryslân midsmjittich út it ûndersyk. Sa hat 19% fan de wenten enerzjylabel A. In flink ferskil mei bygelyks Flevolân dêr’t leafst 42% fan de wenten oer in A-label beskikt. Yn Limburch (mei mar 16% fan alle keapwenten mei enerzjylabel A) is it oanbod fan enerzjysunige keapwenten it lytst.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is te finen op https://www.beslist.nl/info/wonen.html.

jannewaris 28, 2020 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.