De fjouwer (gedicht)

jannewaris 11, 2020 10:00 Fernijd
Nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen krigen wy dit gedicht tastjoerd. Mear gedichten en ferhalen binne fan herten wolkom. Redaksje It Nijs

De fjouwer

Ofbylding: pixabay.com

Fjouwer yn getal,
dat makket in kwartet.
Mar hawwe jo ien mear,
dan is it dat krekt net.

Twa pear, dat is ek fjouwer,
dy hearre byinoar.
Mar ha se soms ris rûzje,
kinn’ se net troch ien doar.

En sá it is by ’t keatsen:
fjouwer earsten is twa spul,
en ha j’ in skjinne fjouwer,
dan is dat fjouwer-nul.

In gûne wie fjouwer kwartsjes,
yn wearde krekt gelyk,
En hien’ jo dêr in protte fan,
dan wiene jo wol ryk.

En ek ús jierkalinder
telt fjouwer,’t is echt wier.
Betelje jo yn it kwartaal,
dan sizze wy fearnsjier.

Gean jo soms mei de auto
en komm’ j’ oer Quatrebras,
dan freegje fjouwer earmen:
Wat ôfslach woll’ jo ha?

In ko hat fjouwer oeren.
As ien wat oan mankeart,
dan sit de boer yn noed en seit:
Dat fearn, dat is ferkeard.

Ha jo by ’t boerkwartspul
de fjouwer fan ’t fabryk,
dan hawwe jo in fol kwartet,
de kaarten bin gelyk.

Fjouwer yn getal,
in hânfol, mar min ien,
en hawwe jo dat net,
dan is it gjin kwartet.

Reinder Posthuma

jannewaris 11, 2020 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.