Brannen yn Australië (2)

jannewaris 6, 2020 09:00

Yn it súdeasten fan Australië is ûnderwilens 4,3 miljoen hektare ferrinnewearre. Ofrûne wykein wiene der op mear as 130 plakken brannen. Net allinnich yn bosken, doarpen en stêden, mar ek yn toeristegebieten lykas Kangoroo-eilân. It is hjir fakânsje en in soad minske wiene al teplak kommen op kampings ensfh.

Eilings hat de sintrale oerheid reservisten ynset. Fansels is der in soad krityk op fan alles, mar spesjaal op presidint Scott Morrison dy’t, wilens de brannen fan desimber ôf al wiken aktyf wiene, stikem op fakânsje gie nei Hawaï. Pas nei de oprop fan in sjoernaliste: Where in heavens name are you Scott?, kaam er werom.

Juster wie it yn Canberra 48,9 graden! Om in yndruk te jaan. De minsken fan de brânwacht binne somtiden út ’e liken fan it dei en nacht wurkjen. In soan fan in ferstoarne brânwachtman hat in dekoraasje krige foar it wurk fan syn heit. No binne der mear as 23 minsken ferstoarn, mar fansels ek bisten.

Mei’t in soad ynwenners op ’e flecht wiene mei de auto, wie it net allinnich in probleem dat rigen auto’s op de diken foar benzinestasjons stiene, mar ek dat lytse mar ek grutte diken ôfsletten wiene. Oan de kust nimme de Navy en de loftmacht mar ek fiskersskippen toeristen en ynwenners mei de see op.

De ferwachting is dat troch in tropyske sikloan de temperatuur de kommende tiid sakje sil.

Hjir in ympresje op fideo:

tekst en bylden: Matthijs Verkuijl, Perth, Australië

Mear ynformaasje oer de situaasje yn Australië is te lêzen yn dit eardere berjocht fan Matthijs Verkuijl.

jannewaris 6, 2020 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.