Brannen yn Australië (3)

jannewaris 8, 2020 08:18

Troch Matthijs Verkuijl, Perth, Australië

It is moai om te sjen hoe’t yn sa’n grut lân as Australië in foarm fan mienskip oanwêzich is. Net allinnich yn de oantaaste en teheistere parten, mar ek dêrbûten. Alle jieren binne der op ferskate plakken brannen. Eins fine de minsken hjir dat hiel normaal mei dy waarmte. It hoecht net iens skealik te wêzen. Der komt dan sels fruchtbere grûn foar werom foar bygelyks lânbou. Mar dizze kear is it hiel oars om’t der safolle minsken by belutsen binne. Skea oan mear as twatûzen huzen. Evakuaasje fan ynwenners en toeristen. Dêrneist sa’n grutte skea oan natuer, bisten, ynsecten ensfh.
Dat der ek minsken omkommen binne hat grutte gefolgen foar elkenien yn dy gebieten, doarpen. Yn de grutte stêden lykas Canberra is it ek te fernimmen troch de smog. De apoteken hawwe it tige drok mei brongitispasjinten, mar ek mei de ferkeap fan mûlekapkes.

It liket dat it slimste foarby is. Hooplik is der hjoed in orkaan út it noardwesten wei nei it súdeasten ta. Mar it bliuwt it kommende wykein ûnwis.

It is ek moai om te sjen dat al in soad jild ynsammele is en dat oare lannen Australië stypje. It probleem is safolle grutter as allinnich it jild. No binne der al 8985 claims yntsjinne en lûke de fersekeringen dêr sa’n 700 miljoen foar út. Mar 80 persint fan de minsken dy’t mei skea besocht binne is net of ûnfoldwaande fersekere. Dêrnjonken binne der no al 90 gefallen fan oplichting bekend en al goed tweintich persoanen oanholden fanwege opsetlik brânstichtsjen of fjoer meitsjen wylst dat ferbean is. Tagelyk binne der ek al websteeën dy’t frauduleus jild ynsammelje. Dat soarte fan saken binne de kearside fan in mienskip.

jannewaris 8, 2020 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.