Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 34

jannewaris 1, 2020 02:00

Middelpunt* yn ’e lift

Kollum

Tritich jier lyn wenne ik in tal jierren yn Ynskedee foar de stúdzje skiekunde. Yn dy tiid wie liftsjen frij normaal. Oeral wiene liftstripen, en mei in buordsje ‘Leeuwarden’ yn ’e hân wie ik freeds al gau yn Fryslân. Tsjintwurdich is liftsjen net mear myn gewoante, mar soms stek ik de tomme noch wolris op oan de dyk. Meastal begjint it mei de sin “Normaal nim ik gjin lifters mei, mar eartiids lifte ik ek in soad.” Ik sjoch it mar as in komplimint dat ik der net al te krimineel útsjoch.

Sa gie it ek op de moandeitemoarn doe’t ik yn Akkrum op de trein stie te wachtsjen… fergees dy kear. Der werd omroppen dat de trein de earste oeren net komme soe. Oe, ik hie in ôfspraak yn Grou by de Rabobank om healwei njoggenen en ik hie dy dei gjin auto. Dus: hurd op ’e fyts nei de ôfslach by de snelwet, tomme omheech en wachtsje mar.

Binnen in minút hold der in auto stil: “Meiride, De Boer?” Ik koe de bestjoerder net werom en frege: “Kenne wy inoar?”
“No, dat net, mar ik ken jo wol! Fan de kollums yn de Middelpunt.”
“No, dat is handich!”
“Wêr moatte jo hinne?”
“Nei Grou, sintrum.”
“O, dan bring ik jo wol efkes.”

Nei in oere rûn ik wer yn it sintrum fan Grou, op wei nei it stasjon. Der hold in auto neist my stil, it rútsje gie iepen: “De Boer, meiride?”
Ik seach ferheard nei binnen en koe de sjauffeur net fuort werom. “Ken ik jo?”
“Nee, jo kenne my net, mar ik jo wol! Fan de kollum yn Middelpunt! Ik kom út Jirnsum en jo moatte grif nei it stasjon.”
“Dat ha jo goed ret”, sei ik. Hy sette my by de snelwei ôf, want ik seach op myn NS-app dat de treinen noch hieltyd net rieden. Ik krige myn tas om in buordsje te meitsjen mei ‘Leeuwarden’ derop, mar ear’t ik dêrmei begjinne koe, hold der in grutte pick-up stil. “Meiride, Bouwe?”

It begûn al gewoan te wurden om te freegjen oft wy inoar koene. De bêste man sei: “Jo hawwe ferline wike in sinnepark yn Garyp iepene. Dêr die ik de catering.”
“Tsjong, wat handich.” Ik frege wêr’t er hinne soe.
“Nei Garyp. Ik lit jo der by de Werpsterhoeke der wol út.”

Och, tocht ik, dat is gjin handich plak. Neat gjin romte om stil te hâlden en fierder te liftsjen. Mar ik woe my ek net optwinge, dat ik troch, wy sjogge wol.

De man hold ho op de rotonde by de Werpsterhoeke. Ik betanke him tige en seach fuort efter de pick-up in bestjoerder yn in wite auto wakker swaaien. Ik rûn derhinne en de bestjoerder hold de doar al iepen. “Wolle jo meiride, De Boer?”
Fernuvere seach ik de man oan en frege him de sin dy’t ik al aardich oefene hie: “Kenne wy inoar?”
“Jo kenne my grif net, mar ik jo wol! Fan de kollum yn de Middelpunt. Ik kom út Wergea en lês altyd as earste de kollum oer enerzjy.”

Ik wie ferstuivere. Hy sette my kreas ôf by it stasjon, neist de fytsekelder, dêr’t ik myn fyts pakte om nei it gemeentehûs ta. It fielde nochal ûnwerklik en ik seach skril om my hinne oft der ek ‘bekenden’ wiene.

Hoe soe it wêze as men alle dagen it sjoernaal presintearret? Stiet der dan ek elke moarn in auto klear mei in poerfrjemd dy’t jin nei it wurk bringt? Ik sil it nea witte, want soks komt net op myn paad. Mar mei Middelpunt gean ik noch efkes troch. O sa handich foar as de treinen wer ris net ride. Sa’n twa kear yn it jier bart soks. Ik sit der net mear mei

Troch Middelpunt sit ik yn de lift!

* Middelpunt is it Akkrumer hûs-oan-hûsmagazine foar de wide omkriten, dêr’t dizze kollum altyd earst yn ferskynt.
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
jannewaris 1, 2020 02:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga jannewaris 5, 16:45

    Ik haw eartiids ek wol lifte, mar sa rap as Bouwe in lift krych, krige ik net. Nei in skoftke waard ik ek meinommen en altiten praat ûnderweis. Ien kear waard ik mei Johannes oansprutsen, dat wie deselde dy ‘t my in wike earder ek meinommen hie. In kear oansprutsen wurde makke my in hiele hear en koe ik it wurk wer foar 5 dagen oan. Út ‘e skroeven wie ik, dat ik de freeds mei deselde werom ride koe, mar dat wie gjin wizânsje. Ik wol dy man hjirwei noch tige tanke en wa wit oan sjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.