Bommelding Ljouwert wie falsk alaarm

jannewaris 9, 2020 16:45

It pakketsje mei de jerrycan deryn dat tongersdei fûn is yn in trein op it stasjon fan Ljouwert, is net gefaarlik. Bommerommerstsjinst EOD hat der ûndersyk nei dien en dêr hat út bliken dien dat de jerrycan mei in ûnbekende floeistof net skealik is. It stasjon is wer tagonklik, it treinferkear is wer yn gong set en de bussen ride ek wer.

De jerrycan siet yn in rêchsek en wie fêstmakke yn de trein. Yn ferbân mei de saak is in man fan 68 út Starum oanhâlden. Hy sit fêst en wurdt troch de plysje yn it ferhoar nommen. In tsjûge hat sjoen dat de âldbaas by de trein wei rûn.

 

jannewaris 9, 2020 16:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.