Boeren date mei mienskip op Falentynsdei

jannewaris 12, 2020 09:11

Yn 2019 koe men letterlik en figuerlik lestich om harren hinne: de boeren. De kranten stiene der fol fan, grutte protesten en trekkers op ’e sneldyk. Oanlieding foar in groep boeren om op Falentynsdei it petear oan te gean mei minsken bûten de wrâld fan de lân- en túnbou. “Dit jier wolle we petearen mei echte ympekt, sawol foar boeren as net-boeren.”

Foto: LTO Noard

Neffens melkfeehâldster Jeanet Brandsma fan Giethoorn (Oerisel), ien fan de inisjatyfnimmers fan de Falentynsaksje, waard yn 2019 dúdlik dat boeren en net-boeren in protte mei-inoar te krijen ha. “Troch de aksjes waard de situaasje fan boeren yn ’e rin fan ferline jier hiel sichtber. Elkenien hie der ek in miening oer. Dêr moatte we it takom jier faker mei-inoar oer hawwe en Falentynsdei is dêr in poerbêste gelegenheid foar.”

Bûten de boerebûl
Yn 2018 naam Boeren fan Nederlân foar it earst it inisjatyf om boeren te stimulearjen om mei Falentynsdei op “date” te gean mei ien bûten de eigen boerebûl. Yn 2019 wiene der yn hiel Nederlân sa’n 200 bysûndere moetings mei boargemasters, lanlike en lokale politisy, bekende en ûnbekende Nederlanners. Yn 2020 docht de organisaasje der in skepke boppeop. Brandsma: “Mei alles dat der op it stuit yn de agraryske sektor en de maatskippij bart, sette wy hiel 2020 yn op nóch mear dates mei bliuwende ympekt. Wy wolle yn ’e rin fan it jier sjen oft it tinken fan boeren en net-boeren troch dy ôfspraakjes feroare is.”

Arkbak foar ôfspraakjes
Ta stipe biedt de organisaasje fan de Falentynsaksje trainings en in date-arkbak oan dy’t hânfetten biedt om in goed petear mei-inoar te fieren. Hja wolle boeren en net-boeren dy’t noch in ôfspraakje sykje, aktyf oaninoar keppelje. Dêrneist wurde ek agraryske partners en lânbouskoallen stimulearre om ôfspraakjes te meitsjen. Sa stjoert koöperaasje Agrifirm syn lederie op date en krije studinten fan Aeres Hegeskoalle yn Dronten de opdracht om te daten. Boert Bewust riedt syn boeren en túnkers mei in training ta op in moaie ôfspraak.

Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Boeren fan Nederlân.

jannewaris 12, 2020 09:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga jannewaris 13, 12:58

    Boeren buorkje net mear mar meitsje ferbining mei de minsken dy’t harren ite iten. Net alle iten, want 75% giet nei it bûtenlân. De boeren buorkje fierstente folle molke, dêrom binne de prizen leech. Doch as de bouboeren op It Bilt. Dy ferbouwe poatierappels, dêr’t se goed oan fertsjinje. De ierappels komme dan werom yn ‘e winkels foar in apel en aai. Minder molke jout hegere prizen, dus boeren buorkje minder. Wy kinne dan bettere molke ha, dy’t smakket.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.