Blauhús hâldt tradysje fan Winterjûneferhalen yn eare

jannewaris 21, 2020 08:53

Freed 24 jannewaris, oan ’e ein fan de middei, organisearret de Gerben Rypma Stifting fan Blauhús wer in oerke Ferhalen Fertelle yn kafee de Freonskip. Krekt as foargeande jierren fertelle doarpsgenoaten nijsgjirrige ferhalen ‘út it libben’.

• Johan van der Meer is mêstemakker en fertelt hoe’t er troch boatsjefarren yn dat bysûndere berop bedarre is.

• Tjitte Bouwhuis draacht twa folksferhalen foar: oer it ferpartsjen fan kij en in boer dy’t syn feint kwyt woe.

• Magdalene Attema is liedingjaande yn soarchsintrum It Teatskehús en fûn dêr ynspiraasje.

• Skriuwer Willem Winters is te gast en hat in ferhaal oer in Depressive Mol

• en it ferhaal fan George Foekema giet oer syn passy: de wenwein en oldtimer, fan hobby nei fakânsjewille.

Foto: Gerben Rypma Stifting

Ferhalen Fertelle, ek wol Winterjûnenocht neamd, wie yn Blauhús in iuw lyn ek al tradysje. As dan de bruorren Jehannes en Gerben Rypma of koster Yde Bleeker optreden, wie it altyd folle bak yn it kafee. Dy tradysje wurdt no fuortset, in oerke en dan is it wer dien. Mei de neisit is der gelegenheid foar mear sterke ferhalen.

Ferhalen Fertelle
Freed 24 jannewaris, 17.00-18.00 oere Kafee de Freonskip Blauhús
Tagong fergees | Organisaasje Gerben Rypma Stifting

jannewaris 21, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.