Billie Eilish grutte winner Grammy’s

jannewaris 27, 2020 09:35

Billie Eilish is de grutte winner wurden fan de Grammy Awards, it wichtichste muzykpriisgala op ’e wrâld. De achttjinjierrige sjongeres wûn yn de fjouwer wichtichste kategoryen: bêste album, bêste liet, bêste nije artyst en bêst produsearre liet. Dat wie in rekôr. Hja is de jongste ea dy’t dat prestearret.

Foto: pixabay.com

It Nederlânsk Metropole Orkest foel ek yn ’e prizen. It orkest wûn foar de fjirde kear in Grammy, dit jier yn de kategory bêste arranzjemint foar it nûmer ‘All night long’.

Stjer fan de jûn Billie Eilish bruts ferline jier troch mei de megahit ‘Bad guy’, dy’t op har twadde album When we all fall asleep, where do we go? stiet. Oare winners wiene sjongeres Lizzo (trije Grammy’s) en rapper Lil Nas X, dy’t mei countrysjonger Billy Ray Cyrus twa Grammy’s krige foar harren wrâldhit ‘Old town road’.

De sjoo waard holden yn Staples Center yn Los Angeles. By de útrikking stiene artysten stil by it ferstjerren fan basketbalikoan Kobe Bryant. Hy kaam juster mei syn trettjinjierrige dochter en sân oaren om it libben by in helikopterûngelok. Bryant spile tweintich seizoenen by de Los Angeles Lakers.

jannewaris 27, 2020 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.