Bernard Smilde Priis 2020

jannewaris 22, 2020 09:11

De Stifting Krúspunt ropt alle dichters yn Fryslân op om in tekst yn te stjoeren foar de Bernard Smilde Priis 2019. Mei dy priis wol Krúspunt stimulearje dat der nije tsjerkelieten yn it Frysk of ien fan ’e Fryske streektalen ûntsteane. De priis is foar orizjinele lietteksten en foar oersettingen fan lietteksten út in oare taal wei.

Ferline jier wie de priis foar Cees Glashouwer út Harns, mei in Hylper oersetting fan ’e Lofsang fan Marije. Dit jier wurdt in liet frege oer of nei oanlieding fan it tema ‘frede’. De uterste ynstjoerdatum is 14 maart 2020; de priis sil útrikt wurde op de Krúspuntdei fan 18 april 2020.

In tekst moat foar 14 maart 2020 ynstjoerd wurde op it folgjende adres: bsp@kruspunt.nl. De sjuery wurdt ek dit jier foarme troch Adri Terlouw, David de Jong en Syds Wiersma. De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt.

De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin. It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien

De folsleine regleminten steane hjirûnder. Foar fragen of opmerkingen kin ûndersteande oanskreaun of skille wurde.

Liuwe H. Westra
liuwe.westra@mensa.nl
0517-469245 / 06-30837586

Sjoch foar de priis fan ferline jier: www.kruspunt.frl/bernard-smilde-priis-2019.

1. De priis is foar de tekst skriuwe fan in nij Frysktalich tsjerkeliet. De priis bestiet út in jildbedrach fan € 250, publikaasje fan it liet op ’e webside fan Krúspunt, en de opdracht oan in komponist om by it liet in wize (as dy der noch net is) of in setting (by in besteande wize) te komponearjen.

2. It liet hoecht net oarspronklik yn it Frysk skreaun te wêzen, mar mei ek nij oerset wêze. In liet yn ien fan de oare memmetalen yn Fryslân mei ek ynstjoerd wurde, as der mar al in Fryske oersetting by is.

3. De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.

4. It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien.

5. Lieten dy’t op hokker wize ek al yn in Fryske oersetting publisearre binne of brûkt wurde, kinne net ynstjoerd wurde.

6. By it brûken fan besteand materiaal (itsij wizen, itsij in tekst dy’t oerset is) moat de komponist of skriuwer neamd wurde, mei it plak dêr’t dit orizjineel publisearre is.

7. De ynstjoerder jout troch yn te stjoeren tastimming;
– dat syn of har liet publisearre wurdt op de webside fan Krúspunt, mei fermelding fan
alle auteursgegevens.
– dat syn of har liet publisearre wurdt troch Krúspunt, op pepier, digitaal of yn in
bondel, mei fermelding fan alle auteursgegevens

8. De ynstjoeringen sille hifke wurde troch in saakkundige sjuery, dy’t alle jierren beneamd wurdt troch it bestjoer fan Krúspunt, en dy’t bestiet út in musikus, in letterkundige en in téolooch. Yn prinsipe wurdt alle jierren ien sjuerylid nij beneamd, en kinne sjueryleden trije jier efterinoar meidwaan. Leden fan de sjuery en guon dy’t yn ’e organisaasje behelle binne binne útsletten as priiswinner.

jannewaris 22, 2020 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.