Bekearling ropt ‘allahû akbar!’ en stekt op foarbygongers yn (bywurke)

jannewaris 4, 2020 20:11

Freed hat in man yn ‘e Noard-Frânske stêd Villejuif fjouwer minsken delstutsen. Hy soe earst in oare man delstekke, mar dy makke him bekend as moslim en waard dêrom sparre. Fan de slachtoffers is ien ferstoarn.

De dieder is de 22-jierrige Nathan Chiasson, dy’t him koartlyn ta de islam bekeard hat. Hy rûn yn in dzjelabba, in islamityske manljusjûpe, en rôp ‘allahû akbar!’, in islamityske gjalp, dy’t ‘Allah is grut’ betsjut. Hy is earder dit jier behannele yn in psychiatrysk sikehûs.

De man dy’t foar de stekkerij weikaam, koe troch it opsizzen fan in gebed bewize dat er moslim wie. Twa fan de trije noch libbene slachtoffers, allebeide froulju, binne der min oan ta. De plysje hat Chiasson deasketten.

De Frânske terrorismebestriding ûndersiket de saak.

TAFOEGE om 21.04 oere:
Justysje yn Frankryk beskôget de stekkerij as in terroristsyske die. Undersyk hat útwiisd dat Chiasson radikale opfettings hie.

jannewaris 4, 2020 20:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.