Astronauten bakke earste romtekoekjes

jannewaris 24, 2020 09:14

By iten yn ’e romte tinkt men al gau oan kant-en-kleare mielen. Mar no’t der plannen binne om nei Mars te reizgjen, soene romtereizen wolris folle langer duorje kinne. Dat freget om mear komfort en om lekker iten, tinke se by romtestasjon ISS. Bygelyks yn de foarm fan sûkeladekoekjes.

Foto: pixabay.com

Ofrûne moanne besochten astronauten om koekjes te bakken yn ’e romte. Dêr brûkten se in spesjale elektryske ûne en beferzen daai foar. De Italiaanske Luca Parmitano hie de eare om as earste romtebakker oan ’e slach te gean. It earste koekje kaam nei 25 minuten net gear út de ûne. By it twadde en tredde kear besykjen, waarden de baktiid en hjitte ferhege, en mei resultaat. Nei twa oeren gearjen op de heechste waarmtestân fan 163 graden Celsius wie der dochs wat brune ferkleuring sichtber.

In fjirde en lêste proef, dy’t mear as 120 minuten duorre, joech in noch better resultaat. De astronauten yn it ISS koene de farskbakte koekjes rûke. Under normale omstannichheden, op ierde, duorret it sa’n tweintich minuten om sûkeladekoekjes goudbrún en krokant te krijen. De makkers fan de ûne hiene al tocht dat it yn ’e romte langer duorje soe, mar dat der úteinlik twa oere foar nedich wie, hiene se net tocht.

Mooglik duorret it bakken safolle langer troch it gebrek oan swiertekrêft. Dêrtroch beweecht de waarme lucht him minder troch de ûne, seit ien fan de útfiners fan de ûne. Oft de sûkeladekoekjes ek lekker binne, is noch efkes ôfwachtsjen. Om’t it net wis wie oft de astronauten se ite koene sûnder der siik fan te wurden, sitte se noch hieltyd yn ’e ferpakking. Underwilens binne de koekjes al twa wike op ierde en wurde se wiidweidich ûndersocht. Ien fan de koekjes wurdt meikoarten oanbean oan it Nasjonale Loft- en Romtefeartmuseum yn Washington DC.

jannewaris 24, 2020 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.