Amsterdam helpt jongelju mei skulden

jannewaris 14, 2020 09:12

Amsterdamske jongelju (18-27 jier) mei hege skulden kinne fan takom moanne ôf in berop op de gemeente dwaan. Dy ûnderhannelet dan mei skuldeaskers en nimt de skuld oer. It legere bedrach dat nei de ûnderhannelings oerbliuwt, lost de jongere dan nei draachkrêft ôf.

Foto: pixabay.com

Dêrby wurde tuskentiids bedraggen kwytskolden as de jongere krewearret om wurk te finen of in oplieding te dwaan. Op dy manier wol Amsterdam jongelju helpe om oan harren takomst te wurkjen. Neist it ôfkeapjen fan de skuld, docht de gemeente in donaasje fan 750 euro de jongere oan skuldeaskers. Dat is neffens wethâlder Moorman (PvdA) nedich om harren oer de streek te lûken. De pilot moat neffens har foarkomme dat de takomst fan jongelju ferswierre wurdt mei skulden. It moat liede ta minder ggz-problematyk en minder útkearings. Yn 2020 hopet de gemeente 150 jonge minsken te helpen. Dêr is 350.000 euro foar reservearre.

Ferskate gemeenten hawwe ek al sa’n belied of hawwe dêr plannen foar. Undersyk fan it Nibud lit sjen dat skulden by jongelju foaral komme troch read stean, stúdzjelienings by DUO en betellingsefterstannen by soarchfersekerders en mobile oanbieders. Stúdzjeskulden falle yn Amsterdam bûten de regeling.

jannewaris 14, 2020 09:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric jannewaris 15, 09:32

    No de âlde minsken mei skulden noch helpe

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.