Algemien belang = Haachsk belang

jannewaris 18, 2020 19:19

Ynstjoerd

Tongersdei 16 jannewaris berjochte Omrop Fryslân oer in moasje fan it FvD, PVV en 50+ oer it ophingjen fan de Nederlânske flagge yn de fergaderseal fan Provinsjale Steaten. Neffens de hear Van Dijk van it Forum van Democratie strielet dat ienheid út en stiet de Nederlânske flagge foar algemien belang. Dêrmei bedoelt Van Dijk fansels net it algemien belang foar de ynwenners fan Fryslân, hy doelt op it algemien Hollânsk belang. De Jongfryske Mienskip wol Van Dijk en syn mei-yntsjinners fan de moasje yn harren  eigen ‘algemien belang’ wekker skodzje dat de belangen fan Fryslân op ’e nij fergetten wurde.

Al mear as 100 jier tsjinnet Fryslân it algemien Hollânsk belang, dat begûn is mei it turfstekken. Yn Fryslân waard de turf út de grûn helle, meastepart foar de enerzjyfoarsjenning yn it Westen. Doe’t dy boarne útput wie waard it gas út Fryslân en Grinslân helle, opnij foar it algemien Hollânsk belang, om’t it measte gas nei it Westen ferdwûn. No, anno 2020, sjogge wy itselde wer barren. Fryslân mei syn wide greiden en iepen romte is yn de eagen fan it Westen geweldich geskikt foar it pleatsen fan sinnepanielen en wynparken. Fryslân is dus al 100 jier in wingewest en sil dat, mei it algemien belang fan Van Dijk c.s. ek bliuwe. It algemien belang is sadwaande Haachsk belang mar perfoarst gjin Frysk belang!

It iensidige Hollânske eachpunt fan dy partijen is harren fansels net al te bot oan te rekkenjen. Harren partijburo wit net better as dat de wrâld bûten de Rânestêd-bubbel ophâldt. Fryslân en syn ynwenners hawwe ék belangen dêr’t goed nei harke wurde moat! Dêrom sil de Jongfryske Mienskip woansdei op in ludike manier de oandacht fêstigje op dy belangen.

Ja, de provinsje Fryslân is ûnderdiel fan it Keninkryk Nederlân, mar de tiid dat wy ús liene litte moatte foar it algemien Hollânsk belang is dien – en wy hoege gjin trijekleur yn ús Steateseal om ús dat yn it sin te bringen. Want, lykas ús Kommissaris fan de Kening treffend seit: “Wy binne in fitale Europeeske regio yn ferbining mei oare provinsjes en mei oare regio’s yn Europa. Wy binne selsbewust, wy leauwe yn mooglikheden, de takomst, en kleurje dy graach sels yn. Wy kinne yn Fryslân fytse sûnder ‘sydtsjillen’. Mar, jou ús de romte.”

Chris van Hes, foarsitter Jongfryske Mienskip

 

jannewaris 18, 2020 19:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren jannewaris 18, 22:18

    Ik nim oan dat it portret fan WA al op it Provinsjehûs hinget as úting fan nasjonale ienheit?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.