Akteur Aart Staartjes (81) ferstoarn nei ûngelok yn Ljouwert

jannewaris 12, 2020 19:28

Aart Staartjes yn 1981 (foto: Wikipedia/VARA – CC BY-SA 3.0 nl)

Telefyzjemakker en akteur Aart Staartjes is yn ’e âldens fan 81 jier ferstoarn. Hy rekke ôfrûne freed yn Ljouwert slim ferwûne by in ferkearsûngelok tusken syn brommobyl en in auto. Staartjes waard dêrby út syn brommobyl slingere en bedarre op ’e dyk.

Hy waard mei slimme ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht. Dêr is er oan syn ferwûnings stoarn. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. In protte minsken kenne Aart Staartjes as de noartske Meneer Aart út Sesamstraat. Yn de santiger en tachtiger jierren wie er meiferantwurdlik foar jongereinsearjes as De Stratemakeropzeeshow, J.J. De Bom, De Film van Ome Willem en Het Klokhuis. Hy wie ek hast tweintich jier gasthear by de lanlike yntocht fan Sinteklaas.

Sûnt in jiermannich wenne Staartjes mei syn frou Hanna yn Dronryp. Yn 2014 rekke er ferwûne doe’t er fan in trepke foel by it plôkjen fan parren út in beam.

jannewaris 12, 2020 19:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga jannewaris 13, 13:06

    Kondolearre famylje mei dit ferlies fan Baas Aart. Hy wie al tiden in Fries en dan omkomme by in ûngemak yn Fryslân, tige spitich. De dea is wreed. In baas wie hy yn ‘t fermeitsjen fan bern. De stiennen yn see smite as strjitmakker op ‘e wide see, do wide see.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.