De easken fan de tolken

jannewaris 22, 2020 06:59

Tolken en oersetters, wuksum foar plysje en justysje, fiere aksje. Yn dat ramt lies tolk Ammerins Moss-De Boer freed 17 jannewaris ûndersteande ferklearring yn it Frysk foar. Dat barde op de treppen fan it Gerjochtshôf yn Ljouwert. 

foto © Omrop Fryslân

As tolken en oersetters yn it domein fan plysje en justysje jouwe wy fertochten en slachtoffers fan misdriuwen, asylsikers, mar ek bygelyks âlden en bern dy’t by fjochtskiedingen belutsen binne in stim. Wy soargje derfoar dat se begripe wat tsjin of oer harren sein wurdt, sette harren ferklearringen oer en drage sa by oan in earlike rjochtsgong. Tolken en oersetters spylje in ûnsichtbere mar ûnmisbere rol by terreurbestriding, ynternasjonale opspoaringssaken en asyloanfragen, mar oarstaligen kinne ek op ús rekkenje by it saneamde ‘lytse leed’, lykas by it opnimmen fan in oanjefte nei in berôving of ferkrêfting.

It is dan ek fanselssprekkend dat oan ús tolken en oersetters hege easken steld wurde. Wy wurkje hurd oan ússels en oan profesjonalisearring fan ús beropsgroep om de kwaliteit te leverjen dy’t fan ús ferwachte wurdt. Wy ynvestearje yn ússels en steane alle dagen wer klear foar de kliïnt.

Spitigernôch krije wy net de wurdearring dy’t wy fertsjinje. Al desenniums lang is de posysje, sawol wat tariven as ek wurkomstannichheden oanbelanget, fan beëdige tolken en oersetters ûnferoare bleaun – en sadwaande minder wurden. Mei it program ‘Tolken yn ‘e takomst’, dat yn 2017 fan start gong, woe it Ministearje fan Justysje en Feiligens in ‘effisjinte ynset en profesjonele ynkeap fan kwalitatyf goede tolken binnen de oerheid’ ferwêzenlikje. In moai stribjen, mar spitigernôch docht út neat bliken dat dat program positive effekten hawwe sil. Earder it tsjinoerstelde… Hieltyd mear wurdt dúdlik dat it ministearje foar in grypstehealstoer op de earste rang sitte wol yn stee dat kwaliteit en ynset beleanne wurde. It is dêrom net frjemd dat hieltyd mear beëdige tolken en beëdige oersetters kommersjeel geane en gjin oerheidstsjinsten mear oannimme. De plannen om it dêrút ûntstiene skyntekoart – troch de oerheid sels kreëarre troch saken foar him út te skowen – op te lossen binne beëangstigjend: noch mear tsjinsten dy’t oanbestege wurde, fierdere útklaaiïng fan de ûnkostefergoedingen en wat ús benammen tsjin it boarst stuitet, it akseptearjen fan B2-tolken yn it register – te ferlykjen mei hafû-nivo – wat yn striid is mei de EU-rjochtline en in bedriging foarmje kin foar de rjochtssteat troch de gruttere kâns op minne oersettingen en fertolkingen.

Wy steane hjir hjoed op in memorabel plak, dêr’t desenniums lyn letterlik in striid striden waard om foar de rjochter de eigen memmetaal prate te meien. En op ‘en nij stride wy, út namme fan ús kliïnten, foar dat rjocht. Dêrom is it dizze wike stil yn ‘e rjochtseal en lizze ek in protte oersetters harren skriuwark del. De maat is fol!

Wy easkje dêrom it neikommende:

  • In register mei allinnich kwalifisearre tolken en oersetters op minimaal C1-nivo, mei de krekte talekennis, ynhâldlike juridyske kennis en treflike tolk- en oersetfeardichheden.
  • Wetlik fêstleine en realistyske tariven. De hjoeddeiske tariven binne foar de tolken al sûnt de jierren tachtich net yndeksearre, en foar de oersetters sels al net mear sûnt de jierren sechstich. Foar dy tariven wolle en kinne kwalifisearre tolken en oersetters net mear yn dat domein wurkje. Wy ferwize dêrby nei hoe’t it foar ús kollega’s yn Dútslân regele is.
  • Stoppen fan de oanbesteging fan de tolk- en oersettsjinsten foar it Iepenbier Ministearje, de plysje en de Ymmigraasje en Naturalisaasje Tsjinst. Oanbesteging is oantoanber djoerder, om’t de bemiddelers der ek noch bot oan fertsjinje wolle. It is ek ûndúdlik hoe’t de kwaliteit yn dy situaasje garandearre wurde sil.
  • Wetlike erkenning en beskerming fan it berop fan beëdige tolk en beëdige oersetter – en in goede monitoaring fan de hanthavening fan de ôfnameferplichting.
  • Feilichheidsmaatregels – want ek wy sitte krektlyk as abbekaten daagliks by risikosaken en fertsjinje in selde beskerming.
  • En in dialooch op grûn fan lykweardigens. Wy wolle meiprate, meitinke en meibeslisse.

Yn neifolging fan Amsterdam, Rotterdam, Den Bosch, Arnhim en De Haach steane wy hjoed hjir en wy ferheffe ús stim, om’t wy mar ien ding wolle: in takomst foar tolken en oersetters.

(de oarspronklik Nederlânsktalige tekst fan de ferklearring waard oerset troch Fedde Dijkstra)

jannewaris 22, 2020 06:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.