Advys oan minister foar berikberens It Amelân

jannewaris 15, 2020 09:14

Alle mooglike oplossingen foar de berikberens fan it Amelân moatte yn byld brocht wurde. Dat is it advys fan de provinsje Fryslân en de gemeenten It Amelân en Noardeast-Fryslân oan minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. It giet om it ferbetterjen fan de besteande farferbining, ferpleatsing fan it oanlisplak fan de fearboat fan Holwert nei Ferwert en in tunnel.

Foto: Provinsje Fryslân

Der binne gjin ienfâldige oplossingen foar it berikberheidsprobleem fan It Amelân. Der binne grutte fertragings op de rûte. Om betroubere reistiden garandearje te kinnen binne radikale maatregels nedich. Dy moatte idealiter yn 2029 klear wêze, it jier dat de nije fergunning foar it ferfier nei it Amelân yngean sil.

Mear ûndersyk
Alle trije senario’s hawwe wat foar en tsjin. Mear ûndersyk is nedich om in ôfwoegen kar te meitsjen. It advys oan de minister is dêrom de trije senario’s ûnderdiel útmeitsje te litten fan de ferkenning. De partijen freegje de minister sa gau mooglik de baten en kosten fierder út te wurkjen en sa in foarkarsoplossing te kiezen.

Yn septimber 2018 binne de provinsje Fryslân en de beide oangeande gemeenten yn opdracht fan de minister úteinset mei it ferkennen fan langetermynoplossingen foar de berikberens fan It Amelân nei 2029. Dat diene se ûnder lieding fan Rykswettersteat.

jannewaris 15, 2020 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.