Aant Mulder: ‘It Nijs’ hat it nuver sitte litten

jannewaris 7, 2020 07:13

Kollum

It Nijs hat it nuver sitte litten. Dat betocht ik doe’t ik yn de Ljouwerter krante lies, dat we yn Nederlân foar ‘boomer’ keazen ha as moaiste wurd fan it jier. Dat is in nuvere kar. It is hielendal in nuvere kar as we witte dat Van Dale as gearstaller fan it Groot Woordenboek der Nederlandse Taal de wurden útsiket dêr’t op stimd wurde kin. Dat dogge se sûnt 2007. Ik fyn it in nuvere kar om’t it in Ingelsk wurd is, dêr’t Van Dale mei komt. It wurd bestie al langer. Tink mar oan babyboomer. Dat binne de bern dy’t daliks nei de Twadde Wrâldoarloch berne binne.

Dat is de generaasje, dêr’t ik ek by hear. Dy generaasje is no âld, dat it wurdsje baby kin wol fuortlitten wurde. Dy generaasje hat syn tiid hân hân en de ideeën dêr’t dy mei komt, binne ornaris as âlde wyn yn nije sekken. Hiene se echt wat feroarje wollen, dan hie dat earder moatten! De babyboomers fan doe binne de boomers fan no, in generaasje dy’t der net mear ta docht. Hawar, it is net oars, mar dat in Ingelsk wurd as moaiste wurd keazen wurdt, dat fernuveret my wol. Mar ik doar der net te folle fan te sizzen, want ik bin ommers sa’n boomer.

Aldergelokst wie der ek noch in oare ferkiezing. Dat is dy fan it Genootschap Onze Taal. Dy ferkiezing smiet it wurd ‘schaamte’ op, net as haadwurd, mar as efterheaksel fan haad- en tiidwurden. Dat is in moai produktyf wurd, yn it Nederlânsk likegoed as yn it Frysk: tink oan: fleanskamte, fleisskamte, poppeskamte. It wurdsje skamte jout hieltyd oan dat we de dingen ta skea fan de ierde te faak dogge of der te folle fan ha. Dat binne de dingen dêr’t we mei ophâlde moatte, wylst we se likegoed wol dogge. Dat is in wurd dat we gauris brûke kinne. Hoewol, dat jildt grif mear foar de millenials as foar de boomers. It nuvere is fansels wol dan men jin skammet oer de dingen dy’t men dochs docht. Dat soe oars moatte, mar ja wat wit ik derfan, ik bin ommers in boomer.

Ik hie der fansels folle earder erch yn ha moatten, mar ynienen frege ik my ôf wat it moaiste Fryske wurd wurden wie. Ik ha der om socht. Doe waard my dúdlik dat it der de lêste jierren net mear fan kommen is. Ik hie my dus earder oppenearje moatten. Hawar, better let as net. As ik in skoftke op ynternet en sa sykje, wurdt it my dúdlik. Sûnt 2010 organisearren de Fryske Akademy, de Ried fan de Fryske Beweging/It NIjs en Tresoar sa’n ferkiezing. Dat hat west tusken 2010 en 2013. Wurden dy’t yn dy snuorje neamd waarden: hipperhapke (insectensnack), ferpofamtner (weigerambtenaar), sjoddy (see you) en gnúfkamera (gluurcamera). Yn 2013 wie dat dien.

Der ha noch wol in pear losse aktiviteiten op dat mêd west,
mar wat in moaie tradysje wurde kinnen hie, is efter de kimen ferdwûn.

Ik ha begrepen dat de Ljouwerter krante dat doe al of net yn oerlis oernommen hat en dat de earder neamde organisaasjes der doe mei opholden binne. Dat is wat ik weromfine koe. Hoe’t dat krekt om en ta gien is, ik soe it net witte. Der ha noch wol in pear losse aktiviteiten op dat mêd west, mar wat in moaie tradysje wurde kinnen hie, is efter de kimen ferdwûn. Dêr’t Van Dale en Het Genootschap hoekhâlde, ha de Fryske ynstânsjes it ôf witte litten. Wat de Ljouwerter krante oanbelanget tink ik oan de rubryk Nij Frysk Wurdboek fan Asing Walthaus en Maria Del Grosso, dy’t sa regelmjittich freegje om Fryske wurden foar lienwurden. It lêste wurd: bûtendoas tinke foar ‘out of the box’ tinke. Hjoed joegen se in jieroersjoch fan de wurden dy’t yn 2019 betocht binne.

Dat is moai, mar dat moat tagelyk oars en better kinne. It soe ommers gean moatte om wurden dy’t spontaan brûkt en yn de taal opnommen wurde. Dat kinne om my likegoed âlde en yn it ferjitboek rekke of nijmakke wurden wêze. As se mar brûkt wurde! It Nijs soe dêr in prachtich platfoarm foar wêze kinne. Okkerdeis kaam dêr it tiidwurd ‘tylje’ foar it bouwen of ferbouwen fan kannabis noch oan ’e oarder. Ik soe it prachtich fine as It Nijs wer omtinken oan dy priisfraach jaan wolle soe.

Neffens my hiene beide aksjes fan doe, ik bedoel It Nijs mei FA en Tresoar oan ’e iene kant en de LC oan ‘e oare kant, om te kommen ta it moaiste Fryske wurd goed njonkeninoar bestean kinnen. Sjoch mar nei it Nederlânsk. Foar de Ried/It Nijs, de Fryske Akademy en Tresoar binne it tagelyk moaie mooglikheden om te kommunisearjen mei de efterban. Dêr soe de Afûk ek oan meidwaan moatte. Yn de Frysktalige digitale krante It Nijs en it tydskrift De Nije hat de Ried prachtige mooglikheden om dêr op yntinsive wize omtinken oan te jaan. Foar 2019 sil it wol te let wêze, mar foar 2020 moat it gewoan wer slagje. Set dy tradysje fuort, wat oaren ek dogge.

Fuortsette dus. Mar we moatte net dwaan wat se yn Hollân mei ‘boomer’ dien ha, in wurdsje út in oare taal kieze. Dêr ha we sels fierstente folle moaie wurdsjes foar, Dat jildt foar âlde en yn it ferjitboek rekke likegoed as foar nijmakke wurden.

Ta beslút noch in pear wurden út eardere ferkiezingen: ynklaulean (graaibonus, 2010), kofferketiisdei (prinsjesdag, 2011), plofhin (plofkip, 2012), mienskipstipe (crowdfunding, 2013). No sa mar. Ik hoopje op in 2020 mei in protte nijsgjirrige Fryske wurden.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 4 jannewaris  yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
jannewaris 7, 2020 07:13
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. jangerben mulder jannewaris 8, 18:08

    Hast wer kreas op papier set Aant. Bin bliid dat ik gjin Boomer bin. (1940) Wat in mislike namme.Mar bin wol út rangearre. Meitsje we fan Facebook mar Antlitside.

  2. Nynke jannewaris 17, 22:43

    Goed plan!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.