12 miljoen kWh griene stroom troch unike gearwurking yn Goutum

jannewaris 14, 2020 10:48
Mei it oanlizzen fan in sinnepark oan de Drachtsterwei yn Ljouwert krije 3.500 lokale húshâldingen de beskikking oer donkergriene elektrisiteit. Sa’n ambisjeus projekt komt allinne fan ’e grûn as ferskillende partijen de skouders derûnder sette. Dêrom wiene Herwil van Gelder, wethâlder fan Duorsumens en Miljeu fan de gemeente Ljouwert, en Bouwe de Boer, Enerzjykommissaris Fryslân, as tsjûge oanwêzich by it bekrêftigjen fan in langduorjende gearwurking tusken de gemeente Ljouwert, Energeia, Energie VanOns, Energiek Goutum en Doarpsbelang Goutum.

Foto: pixabay.com

Donkergriene elektrisiteit foar 3.500 lokale húshâldingen
As alles neffens plan giet, sil it sinnepark fan 14 hektare al yn juny 2020 klear wêze foar it winnen fan sinne-enerzjy. Jierliks sil it troch Energeia ûntwikkele sinnepark ûngefear 12 miljoen kWh griene stroom produsearje, genôch foar likernôch 3.500 húshâldingen. Dêr is dizze elektrisiteit dan ek foar bedoeld. Dy wurdt fia enerzjybedriuw Energie VanOns en enerzjykoöperaasje Energiek Goutum ferkocht en levere oan húshâldingen yn Goutum, Ljouwert en omkriten.

Mei-inoar oan ’e gong foar in griene takomst
Foar dit projekt stutsen ferskillende partijen de koppen byinoar. Energeia ûntwikkelet, bout, besit en eksploitearret sinne-enerzjysintrales en wol in aktive rol spylje yn de enerzjytransysje nei enerzjy dy’t folslein duorsum wûn is. It bedriuw hiert de grûn foar 25 jier fan de gemeente Ljouwert dy’t ek de nedige fergunningen fersoarge. Foar de ferkeap fan de stroom sleat Energeia in enerzjyleveringskontrakt ôf mei koöperatyf enerzjybedriuw Energie VanOns, dat op syn bar wer in gearwurking sletten hat mei lokale enerzjykoöperaasje Energiek Goutum. Dat liket in soad gedoch, mar krekt op dy manier hat de befolking optimaal profyt fan it winnen op eigen grûn. Harren omkriten, harren stroom.

Ynvestearje yn in duorsum Ljouwert
De gearwurking soarget net allinne foar griene stroom, mar ek foar ekstra jild foar de omkriten. Energeia, Energiek Goutum en Doarpsbelang Goutum rjochtsje mei-inoar in Duorsum ynvestearringsfûns op. In part fan ’e winst dy’t Energeia mei it sinnepark makket giet nei dat fûns. It fûns sil duorsume enerzjy-ynvestearringen foar de lokale mienskip inisjearje. Sa draacht it sinnepark der dûbel by oan by dat de enerzjytransysje yn Ljouwert en omkriten hurder fan ’e grûn komt.

jannewaris 14, 2020 10:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.