Ynwenners Fryslân krije yn trochsneed 4,8 krystkaarten

desimber 8, 2019 09:08 Fernijd

Ynwenners fan Fryslân krije yn trochsneed 4,8 krystkaarten. Dêrmei falt de provinsje krekt bûten de top 3 fan alle Nederlânske provinsjes. Dat docht bliken út it jierlikse krystkaarteûndersyk fan Greetz, online winskkaarteservice. De measte kaarten yn Fryslân wurde besoarge yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De ynwenners dêr kinne yn trochsneed 7,2 krystkaarten ferwachtsje.

Wêr gean de kaarten yn Fryslân hinne?
Net allinnich yn Noardeast-Fryslân wurde in protte kaarten fia de post besoarge. Ynwenners fan It Hearrenfean en Opsterlân kinne ek in protte kaarten ferwachtsje. De top 5 bestimmings fan krystkaarten yn de provinsje Fryslân is:

  1. Noardeast-Fryslând (mei yn trochsneed 7,2 krystkaarten de ynwenner)
  2. It Hearrenfean (mei yn trochsneed 5,3 krystkaarten de ynwenner)
  3. Opsterlân (mei yn trochsneed 5,0 krystkaarten de ynwenner)
  4. De Fryske Marren (mei yn trochsneed 4,8 krystkaarten de ynwenner)
  5. Waadhoeke (mei yn trochsneed 4,8 krystkaarten de ynwenner)

De measte kaarten yn Nederlân wurde besoarge yn it Súd-Hollânske Westvoorne. Ynwenners fan dy gemeente krije nammentlik yn trochsneed 9,3 krystkaarten de ynwenner.

Ofbylding: Greetz

In protte kaarten nei Fryslân
Neffens oare provinsjes krije ynwenners fan Fryslân mei 4,8 relatyf in protte kaarten. Lanlik sjoen komt Fryslân dêrmei op it fjirde plak út. Koprinner is Drinte mei 5,1 krystkaarten de provinsje. Seelân folget mei 4,9 krystkaarten en Grinslân makket de top trije fol mei yn trochsneed 4,8 krystkaarten de ynwenner. It ferskil tusken Grinslân en Fryslân is inkeld fier efter de komma sichtber: it giet mar om 0,02 krystkaart ferskil (Grinslân komt út op yn trochsneed 4,84 en Fryslân op 4,82 krystkaarten de ynwenner).

Minder bedield binne de ynwenners fan hikkesluter Oerisel mei yn trochsneed 3,7 krystkaarten de ynwenner.

Besjoch hjir it folsleine krystkaarteûndersyk foar de hiele ranglist en noch mear feitsjes oangeande krystkaarten.

Nederlanners faker op tiid mei ferstjoeren fan krystkaarten
Opfallend is ek dat de ferstjoerders faker op tiid binne mei it ferrassen fan famylje, freonen en kunde mei in krystkaart. Waarden yn foargeande jierren noch gâns krystkaarten néi kryst ferstjoerd, dat oantal is ôfrûne kryst aardich ôfnommen, mei wol 45%. Yn ’e oanrin nei kryst wie gjin fermindering te sjen. De dei dat de measte krystkaarten op ’e doarmatte falle, wie tiisdei 18 desember.

desimber 8, 2019 09:08 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.