Ynwenners fan Fryslân spylje faak it boerdspul Catan

desimber 2, 2019 09:57

Boerdspullen binne noch hieltyd tige populêr yn Nederlân, foaral yn ’e oanrin nei Sinteklaas en Kryst. Beslist.nl die ûndersyk nei de populariteit fan dy spullen yn de provinjes. Dêr die út bliken dat ynwenners fan Fryslân opfallend faak it spul Catan spylje.

Foto: pixabay.com

Populêrste boerdspullen de provinsje
Beslist.nl ûndersocht de populariteit fan boerdspullen. Dêrby foel op dat der op dat mêd grutte regionale ferskillen binne. Fine de Friezen Catan in moai spul, Siuwen jouwe bygelyks faker de foarkar oan Carcassonne. It populêrste spul is dit jier it partyspul 30 Seconds.

Boustiennen Frozen-LEGO twa kear sa djoer
LEGO is yn ’e oanrin nei de feestdagen ek tige yn trek. It online winkelsintrum ferlike goed 400 LEGO-sets de searje, om de ferkeappriis fan de stientsjes te berekkenjen. Mei in ‘stienpriis’ fan 16,5 eurosint, binne LEGO-stientsjes út de Frozen-searje it djoerst fan alle tema’s. De Disney-searje is, mei 15,7 eurosint it stientsje, relatyf djoer te neamen. De djoerste LEGO-stientsjes binne hast inkeld lisinsjesearjes, want LEGO Jurassic World, LEGO Star Wars en LEGO DC Super Heroes steane ek boppe-oan op de list mei prizige searjes.

De ferskillen mei en tusken oare searjes binne grut. Sa kostet in boustien út de BrickHeadz-searje 6,6 eurosint; hast tsien eurosint minder as in Frozen-stientsje. De boustiennen fan oare ‘eigen’ LEGO-searjes, wêrûnder Architecture, Creator en NINJAGO, binne ek relatyf foardielich.

Besjoch alle populêrste spullen de provinsje hjir.

desimber 2, 2019 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.