Ynternasjonale profomloop yn 2020 yn Noardeast Fryslân

desimber 31, 2019 08:00

Ploegepresintaasje en start yn Dokkum

Flnr: wethâder Pytsje de Graaf, deputearre Sander de Rouwe, boargemaster Hayo Apotheker, organisator BinckBank Tour Jan Baele, foarsitter Admiraliteitsdagen Jan-Michiel van der Gang.

Dokkum stiet yn augustus 2020 noed foar de start fan de BinckBank Tour. It is de iennichste UCI WorldTourwedstriid fan mear as ien dei fan Nederlân en België. Yn dy beide lannen sille de bêste hurdfytsers en ploegen fan de wrâld fan tichteby oan it wurk te sjen wêze. De tocht giet troch it noardeasten fan Fryslân en sil behalve de stêd ek ferskillende doarpen oandwaan.
Dat barren wurdt ûnder de regy fan de gemeente Noardeast-Fryslân organisearre. It sil tagelyk it begjin fan de Admiraliteitsdagen letter yn ’e wike wêze. Dy wurde foar de tsiende kear holden. De organisatoaren fan dy dagen sjogge it ynternasjonale fytsfeest dan ek as in útsochte kâns om Dokkum as regiostêd yn it omtinken te bringen.

Dokkum is snein 30 augustus it dekôr foar de presintaasje fan de ploegen dy’t oan de BinckBank Tour meidogge. Dêr is de moandeis de start fan de sechstjinde Profrûnrit fan Nederlân. De fytsers ride in moaie rûte troch noardeastlik Fryslân en komme wer yn Dokkum oan. Se hawwe dan sa’n 170 km. ôflein.

Deputearre Sander de Rouwe sjocht de BinckBank Tour as in moaie gelegenheid om reklame te meitsjen foar Fryslân as sport- en fytsprovinsje. Boargemaster Hayo Apotheker giet derfan út dat it evenemint tûzenen besikers oanlûkt. Hy ferwachtet dat der by de rûte lâns ek in soad entûsjaste sportleafhawwers oan ’e kant steane. “Yn it wykein sil it drok wurde yn Dokkum en omkriten. Sûnder mis in ûnderfining om mei te meitsjen”, seit de boargemaster.

Wethâlder fan sportsaken Pytsje de Graaf: “Wy binne der grutsk op dat dit sportbarren nei ús gebiet komt. Dit is in moai fytsgebiet, de minsken meie dat wol meimeitsje. Ik fyn it dan ek logysk dat provinsje en gemeente dêrefter steane.”

De ein fan de BinckBank Tour is op snein 6 septimber. It parkoers omfettet yn ’e regel in griemmank fan sprinterskânsen, heuveletappes en in tiidrit en is út soarte gaadlik foar de hurdfytsers dy’t de maitiidsklassikers ek kleur jouwe. De lêste jierren wie de ein fan de toer hieltyd by de Muur van Geraardsbergen. De rûnrit begjint seis wike nei de finish fan de Tour de France.
Yn 2019 sloegen de Belgen foar master op. Laurens De Plus wûn de race en op it einpoadium waard er beselskippe troch Oliver Naesen en Tim Wellens.

desimber 31, 2019 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.